GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 10 Stiens, 15 maart 2005 Riedsgearkomste: 31 maart 2005 Utstelnumer: 2005/15 Behanneljend amtner: E-mail: Telefoannr. T. de Vries t.devries@leeuwarderadeel.nl 058-257 6650 Underwerp: tydlike husfesting amtners Beslut dat naam wurde moat: De 40.000 dy't yn it ynvestearrinsplan opnommen is foar it utwreidzjen fan it gemeentehus beskikber te stellen foar it op koarte termyn realiseaijen fan in tydlike oplossing troch it kreearjen fan 6 wurkplakken yn de eardere boadewente. Koarte ynhald: By de begruttingsbehanneling fan 25 novimber hat u.o. it ynvestearringsplan oan 'e oarder west. Foar it utwreidzjen fan it gemeentehus hat jimme rie doe ynearsten 40.000 reservearre, yn ofwachting fan in neier underboud plan. De husfestingsproblematyk binnen it gemeentehus knypt lykwols sa bot dat der op koarte termyn nei in oplossing socht wurde moat. De omstannichheden binnen guon kantoaren fan us gemeentehus foldogge net mear oan de ARBO-noarmen, sawol wat meubiler as wurkomstannichheden oanbelanget. Dat spilet benammen yn de keamer der't de "midoffice" fan de "Dienst Sociale Zaken en Werkgelegenheid Noardwest Fryslan" husfeste is. In strukturele oplossing hat fansels de foarkar. Sa'n oplossing ffeget lykwols in soarchfaldige tarieding en de noadige tiid. Troch it kreearjen fan in tydlike oplossing kinne wy ynearsten in oantal meiwurkers adekwaat husfestje (mei wat beheinings, dat wol) en de tiid nimme om nei te tinken oer in goede strukturele oplossing op termyn. Wer bestiet de tydlike oplossing dan ut. Yn de Wylpstrjitte oan de westkant fan it gemeentehus stiet de eardere boadewente. Der kinne 6 wurkplakken yn kreearre wurde. It ymjochtsjen fan in wurkplak kostet sa'n 5.000 (buro, stoel, kast, kompjuter). De ynvestearring yn dy wurkplakken is gjin weismiten jild. Dy wurkplakken dy't neffens de husstyl ynrjochte wurde, sille ek by lettere oplossingsfarianten wer brukt wurde. Troch it ferpleatsen fan inkelde amtners nei de boadewente kinne wy troch ynteme ferskowings binnen it gemeentehus de akute problemen oplosse. De beheinings fan de tydlike oplossings sitte benammen yn it feit dat der gjin direkte ferbining is tusken it gemeentehus en de boadewente. Buten de ynvestearrings yn de wurkplakken sille der ek kosten makke wurde moatte foar it oanlizzen fan in kompjutemetwurkje yn it hus en it oansluten fan dat netwurkje op it netwurk fan it gemeentehus. Datselde jildt foar de tillefoanoanslutings. Der sil ek in tegelpaad fan de efterdoar fan it hus nei de efterdoar fan it gemeentehus oanlein

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 39