GEMEENTE LJOUWERTERADIEL 6 Ferslach fan de riedseearkomste fan de gemeente Liouwerteradiel op tongersdei 24 februarv 2005 om 19.30 oere vn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju F. Haites-Miedema (CDA), G. Visser (PvdA), J. M. Oppenoorth (PvdA), M. Hottinga-Mulder (GBL), en de hearen J. IJkema (CDA), J. Stienstra (CDA), F. Doting (WD), S.R. Roosma (PvdA), F. Dijkstra (FNP), J.W. Tuininga (FNP), W.F. Ekas (GBL), A. Elgersma (GBL), R.A. Ketellapper(GBL), B. Lageweg (GBL). Wethalders: de hearen J.W. Admiraal en J.S. Keizer. Foarsitter: boargemaster E.J. ter Keurs. Griffier: de hear A.G.M. Rutten. Mei kundskip ofwezich: de hear F. Busser (GBL). 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 1. Iepening De voorzitter opent de vergadering. 2. Feststellen wurklist Deze wordt ongewijzigd vastgesteld. 3. Ynsprekrjocht boargers Hiervan wordt geen gebruik gemaakt. 4. Frageheaioere riedsleden De hear Dijkstra (FNP): Hat fragen nei oanlieding fan de brief fan Palet. It kolleezje wurdt deryn frege meiwurking te ferlienen oan de realisaasje fan 25 ferpleechplakken op it terrein oan de Petterhusterdyk. Is it kolleezje ree meiwurking te ferlienen de 25 ferpleechplakken te realisearen op it terrein oan de Petterhusterdyk? Is it kolleezje ree meiwurking te ferlienen oan alternative planfoarming op it terrein fan de aide C-1000 oan de Skilwei? Palet hie neffens de wethalder de foarige kear neat ftege. No leit der wol in fraach fan har kant en kin Palet as serieuze kandidaat meinommen wurde. Hy jout in altematyf plan foar de ynfolling. De 112 troch de provinsje taskikte wenningen kin de gemeente net realiseare. Der binne noch 12 kontinginten oer en dy kinne der moai foar ynwreiding brukt wurde. Miskien kin mei diedkreft fan it kolleezje de byldfoarming fan de gemeente wat opkrikt wurde. Wethalder Admiraal: Op 10 maart wurdt oer de lokaasjes praat en dan sil dit meinommen wurde. De suggest]e fan de hear Dijkstra is miskien wol brukber, mar der sil yn in breder ferban nei sjoen wurde moatte. De hear Dijkstra (FNP): Hy hat it al koartsluten mei de eigner. Dy is derfan op de hichte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 4