2oosy22 Moasje De ried fan gemeente Ljouwerteradiel, yn gearkomste byinoar op tongersdei 31 maart 2005 Stelt fest dat: der yn de gemeente Ljouwerteradiel ferlet is fan husfesting foar geriatryske pasjinten. der oant no ta noch jimmeroan gjin husfesting foar dizze doelgroep realisearre is. de soarchynstellings Palet en Noorderbreedte, elk foar harren sels, dwaande binne om ien en oar op dit med te realisearjen. der in brief leit fan it Kolleezje fan B en W oangeande proseduere(s) fan soarch- ynstelling Noorderbreedte by it "Ministerie van VWS", datum 12-1-2005. der in brief leit fan Zorgkantoor Friesland oangeande in akkoartferklearring troch it "Ministerie van VWS" foar de mooglike realisaasje fan 25 plakken oan soarch- ynstelling Palet, datum 10-3-2005. Beslut dat: der dudlikens komme moat oangeande de husfesting fan geriatryske pasjinten yn de gemeente Ljouwerteradiel. Draacht it Kolleezje fan B en W op: om by it "Ministerie van VWS" dudlikens op te freegjen oangeande de mooglike husfesting fan geriatryske pasjinten yn de gemeente, hokker prosedueres der binne oer de husfesting fan dizze doelgroep, en hoe fier de prosedueres binne oer dizze doelgroep. om foar of yn de riedsgearkomste fan april, datum 28-4-2005, de ried op de hichte te bringen fan de utslach fan it "Ministerie van VWS". En giet oer ta de oarder fan de dei. Stiens, 31 maart 2005 PvdA

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 96