Amendemint De ried fan de gemeente Ljouwerteradiel, yn gearkomste byinoar op tongersdei 31 maart 2005. Stelt fest dat: De finansieringopset fan it werynrjochtingsplan sintrum Stiens yn totaal 1.629.577 euro bedraacht. De fmansieringsbydrage fan de gemeente deryn 1.470.468 euro bedraacht (90%). De fmansieringsbydrage fan tredden deryn 159.109 euro bedraacht (10%). De oannimsom net boppe de fmansieringsopset utkomme mei. De UAV (Uniforme Administratieve Voorwaarden voor de uitvoering van werken) mooglikheden jout om foar of tidens de utfiering fan it wurk, wizigings yn it bestek oan te bringen, it saneamde 'mear en minder wurk', it saldo fan it mear en minder wurk maksimaal 10% fan de oannimsom bedrage mei (162.958 euro). De fmansieringsbydrage fan tredden dertroch fertaald wurde kin yn de fisike grutte fan it mear en minder wurk. Beslut dat: Der in kredyt beskikber steld wurdt fan 1.470.468 euro foar de werymjochting fan it sintrum fan Stiens. En giet oer ta de oarder fan de dei. Stiens, 31 maart 2005 FNP PvdA WD GBL CDA De hear IJkema (CDA): De bijdrage moet op zeer korte termijn schriftelijk toegezegd worden. Kan het vijfde punt niet een op een vertaald worden naar de post 10% onvoorzien in de totale aanneemsom? De hear Dijkstra (FNP): Dit binne rjochtlinen. It giet oer it mear en minder wurk en der sit romte yn. Meffou Visser (PvdA): Laat het laatste punt (van 'stelt fest dat'niet te veel ruimte? De hear Dijkstra (FNP): De stok achter de doar is it mear of minder wurk. Om de fersobering tsjin te gean is it in stok achter de doar om it jild fan 'tredden' binnen te krijen. De hear Ketellapper (GBL): Men kan ook de begroting zonder de 160.000 euro vaststellen. Dan kan met het zonder al te veel regels affnaken. De hear Doting (WD): In legere bydrage fan tredden soe net liede meie ta in fersobering fan it plan mei it each op de subsydzje. Dat leit neffens syn eigen ynformaasje by de provinsje oars en dat is wer in foarbyld fan ferkearde ynformaasje.. 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 15