17. Moasje FNP De hear Dijkstra (FNP): Der sirkuleare allerhanne plannen oer opfang fan geriatryske pasjinten yn Stiens. Der moat helderheid yn dizze saak komme. Hy hat mei alle partijen oer de matearje praat. Hy lest de moasje foar: De ried fan Ljouwerteradiel, yn gearkomste byinoar op tongersdei 31 maart 2005 Stelt fest dat: Der yn de gemeente Ljouwerteradiel ferlet is fan husfesting foar geriatryske pasjinten. Der oant no ta noch jimmeroan gjin husfesting foar dizze doelgroep realisearre is. De soarchynstellings Palet en Noorderbreedte, elk foar harren sels, dwaande binne om ien en oar op dit med te realiseaijen. Der in brief leit fan it Kolleezje fan B en W oangeande proseduere(s) fan soarchynstelling Noorderbreedte by it 'Ministerie van VWS', datum 12-1-2005. Der in brief leit fan Zorgkantoor Friesland oangeande in akkoartferklearring troch it 'Ministerie van VWS' foar de mooglike realisaasje fan 25 plakken oan soarchynstelling Palet, datum 10-3-2005. Beslut dat: Der dudlikens komme moat oangeande de husfesting fan geriatryske pasjinten yn de gemeente Ljouwerteradiel. Draacht it Kolleezje fan B W op: Om by it 'Ministerie van VWS' dudlikens op te freegjen oangeande de mooglike husfesting fan geriatryske pasjinten yn de gemeente. Hokker prosedueres der binne oer de husfesting fan dizze doelgroep. En hoe fier de prosedueres binne oer dizze doelgroep. Om foar of yn de riedsgearkomste fan april, datum 28-04-2005, de ried op de hichte te bringen fan de utslach fan it 'Ministerie van VWS'. En giet oer ta de oarder fan de dei. Stiens, 31 maart 2005 FNP PvdA WD GBLCDA Wethalder Admiraal: It giet benammen oer de prosedueres dy't der rinne. It kolleezje sil syn best dwaan om der foar de riedsgearkomste yn april dudlikheid oer te jaan. It kolleezje fynt ek dat der in maksimale helderheid weze moat oer alle ffonten. Mefrou Haites-Miedema (CDA): De wethalder hat it oer utslutsel oer wat foar ynstelling der bouwe mei. It CDA soe dat net ta ien ynstelling beheine wolle. De hear Dijkstra (FNP): De moasje is dudlik genoch. It giet oer beide ynstellingen. Der moat helderheid komme oer wat der geande is. De foarsitter: De mo tie is door alle partijen ondertekend en wordt overgenomen door het college. 18. Sluting De voorzitter sluit de vergadering om 23.25 uur.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 20