GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Liouwerteradiel op tongersdei 28 april 2005 om 19.30 oere vn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju F. Haites-Miedema (CDA), G. Visser (PvdA), J. M. Oppenoorth (PvdA), M. Hottinga-Mulder (GBL) en de hearen J. IJkema (CDA), H. de Jager (CDA), F. Doting (WD), S.R. Roosma (PvdA), F. Dijkstra (FNP), J.W. Tuininga (FNP), F. Busser (GBL), W.F. Ekas (GBL), A. Elgersma (GBL), R.A. Ketellapper(GBL) en B. Lageweg (GBL). Wethalders: de hearen J.W. Admiraal en J.S. Keizer. Foarsitter: boargemaster E.J. ter Keurs. Griffier: de hear A.G.M. Rutten. 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 1. Iepening De voorzitter opent de vergadering. 2. Feststellen wurklist De foarsitter: Heeft begrepen dat er een motie van het CDA is over het leerlingenvervoer. Hij stelt voor die motie voor als agendapunt 4a te behandelen. 3. Ynsprekrjocht boargers Der wurdt gjin gebruk fan makke. 4. Fragehealoere riedsleden De hear Tuininga (FNP): Foar de strjittenammekommisje binne beneamd de hearen Reitsma en Jansma. Dy binne serieus yn opdracht fan de foarige boargemaster dwaande west mei it betinken fan in namme foar de strj itte/it plein foar it gemeentehus. Op 25 oktober 2004 hawwe sy in namme by it kolleezje ynbrocht. Op 20 desimber 2004 krige de kommisje it berjocht dat it kolleezje de namme yn berie hie. Demei is der neat mear heard. Fia de notaris hearde de strj ittenammekommisj e dat de nammen al feststeld wienen. Dy oare nammen wienen al festlein yn de keapakte neffens ynformaasje dy't men fan in amtner op it gemeentehus krige. De kommisje is dochs net foar neat yn it libben roppen? Werom hat men neat dien mei it advys fan de strj ittenammekommisj e en werom hat it kolleezje de strj ittenammekommisj e net serieus nommen? Wethalder Keizer: Der is grandioas wat misgien mei de kommunikaasje. De stijittenammekommisje jout in advys. Men hat de foarstelde namme wol woegen. Geografysk kaam it net oerien mei it plak fan it gebou. Men wol graach de kommisje serieus nimme.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 4