oan de han fan de utkomsten, it proses fan it op heger nivo tillen fan de
gemeentlike bestjoerskreft trochset wurdt
Sprekt ut dat:
de gemeente it foech en de ferantwurding hat yn it 'ferbetterproses'
de provinsje stimuleaijend omgean moat mei dit 'ferbetterproses'
Draacht it kolleezje op:
de Provinsjale Steaten fan Fryslan kenber te meitsjen dat de gemeente
Ljouwerteradiel gjin ferlet hat fan in fisitaasje yn it ramt fan de selsevaluaasje
oer de bestjoerskreft fan de gemeente Ljouwerteradiel
En giet oer ta de oarder fan de dei
Stiens, 2 juny FNP
FNP GBL PvdA CDA VVD
De hear Roosma (PvdA): De fraach is yn it ferline steld oan de gemeente om harsels in
spegel foar te halden. Deputearre Steaten hawwe der wat fan fun en it oan de Provinsjale
Steaten oerlitten. As de provinsje de gemeenten beoardiele sil, dan moat men goed witte
hoe't men mei de gemeente omgean moat. Neffens in kader fan Provinsjale Steaten sille
Deputearre Steaten wierskynlik ien kear yn de fjouwer jier de gemeente fisitearje. De
PvdA-fraksje wachtet earst de diskusje of yn de Provinsjale Steaten.
De hear Doting (VVD): Is it yn grutte halen iens mei de hear Roosma. De Provinsjale
Steaten sille der sels ek ynhaldlik mei oan de slach gean. De moasje is foar de VVD noch
wat te prematuer.
Mefrou Haites-Miedema (CDA): Slut har oan by de beide foarige sprekkers. It is noch de
fraach oft der in fisitaasjekommisje komme sil. Oan de oare kant wie de CDA-fraksje net
iens sa ungelokkich mei it foarstel ut de Provinsjale Steaten fan in fisitaasjekommisje. As
de kommisje der yn 2007 al komme soe dan hoecht men net benaud te wezen omdat men
fynt dat men it goed op de rit hat (sjoch de earste trije punten fan de moasje)
De hear Ketellapper (GBL): Men jout jinsels al gau in foldwaande. Men docht yn oare
gemeenten wol wat 'lacherig' oer de selsevaluaasje. Ljouwerteradiel hat der in buro foar
ynhierd en hat de saak serieus oanpakt. Men moat net foar it karke fan de partij rinne
wolle dy't der yn Provinsjale Steaten net oan meiwurkje wol. Men moat him as gemeente
foar in eventuele kommisje iepenstelle.
De hear Dijkstra (FNP): Hy giet derfan lit dat de fisitaasjekommisje ynsteld wurdt. It giet
om ferantwurding en foech en dat wurdt lit hannen jun. Dat risiko wol hy net rinne, want
de ried hat de earste ferantwurdlikheid yn it proses.
De hear Ketellapper (GBL): Wol men in sinjaal ofjaan nei in takomstige kommisje? Dan
is Ljouwerteradiel miskien de earste gemeente weze dy't him oanmeldt. Dermei lit de
gemeente him fan de goede kant sjen.