GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 15 Voorstelnummer: 2005/56 Moasje De ried fan gemeente Ljouwerteradiel, yn gearkomste by inoar op tongersdei 21 july 2005 Hat kundskip nommen fan: de befinings en utstellen fan de "Bestuurlijke Organisatie Commissie van Provinciale Staten" fan 10 maaie 2005 it beslut fan Provinsjale Steaten fan 22 juny 2005 Is fan betinken dat: de gemeente nei ear en gewisse utfiering jun hat oan de selsevaluaasje bestjoers- kwaliteit/gemeentlike takediskusje fan 2003 der sadwaande gjin reden is om oan te nimmen dat de utkomsten fan dizze sels evaluaasje net in betrouber byld jouwe fan de bestjoerskreft oan de han fan de utkomsten, it proses fan it op in heger nivo tillen fan de gemeentlike bestjoerskreft troch set wurdt it proses mei de trije buorgemeenten, it saneamde G-4 ferban, troch set wurdt Sprekt ut dat: de gemeente it foech en de ferantwurding hat yn it "ferbetterproses" de provinsje dit "ferbetterproses" heart te stimulearjen de provinsje it proses yn G-4 ferban heart te stimulearjen Beslut: 1. Deputearre Steaten fan Fryslan kenber te meitsjen dat gemeente Ljouwerteradiel reewillich is folslein mei te wurkjen oan it formulearjen fan toetsingskriteariums dy 't de Bestuurlijke Organisatie Commissie hantearje wol om ynhald te jaan oan de gedrachsaltemativen A "overlaten" en B "stimuleren en faciliteren" om sadwaande in bydrage te leverjen oan it "Plan van Aanpak" ta utwurking fan de notytsje "Kaders voor Kwaliteit"; 2. Deputearre Steaten kenber te meitsjen dat gemeente Ljouwerteradiel fan miening is dat de provinsje genoch instruminten ta har beskikking hat om inhald te jaan oan de gedrachsaltemativen C "het geven van aanwijzingen"en D "ingrijpen"; 3. De rieden fan de gemeenten yn Fryslan en it bestjoer fan de VFG op de hichte te bringen fan dizze moasje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 105