De ried fan gemeente Ljouwerteradiel, yn gearkomste by inoar op tongersdei 30 juny 2005 Hat kundskip nommen fan: - de befmings en utstellen fan de "Bestuurlijke Organisatie Commissie van Provinciale Staten" fan 10 maaie 2005 - it beslut fan Provinsjale Steaten fan 22 juny 2005 Is fan betinken dat: - de gemeente nei ear en gewisse utfiering jun hat oan de selsevaluaasje bestjoerskwaliteit/gemeentlike takediskusje fan 2003 - der sadwaande gjin reden is om oan te nimmen dat de utkomsten fan dizze selsevaluaasje net in betrouber byld jouwe fan de bestjoerskreft - oan de han fan de utkomsten, it proses fan it op in heger nivo tillen fan de gemeentlike bestjoerskreft troch set wurdt - it proses mei de trije buorgemeenten, it saneamde G-4 ferban, troch set wurdt Sprekt ut dat: - de gemeente it foech en de ferantwurding hat yn it "ferbetterproses" - de provinsje dit "ferbetterproses" heart te stimulearjen - de provinsje it proses yn G-4 ferban heart te stimulearjen Draacht it kolleezje op: - Provinsjale Steaten fan Fryslan kenber te meitsjen dat gemeente Ljouwerteradiel gjin ferlet hat fan in fisitaasje yn it ramt fan de selsevaluaasje oer de bestjoerskreft fan gemeente Ljouwerteradiel, - yn it ferlingde derfan, gemeente Ljouwerteradiel ek gjin ferlet hat fan it kweken fan begryp foar fisitaasje" troch Deputearre Steaten - Deputearre Steaten ut te noegjen om harren riedsbreed op de hichte te bringen fan it foech en de ferantwurding fan gemeente Ljouwerteradiel - Yn de gearkomste fan VFG op 31 oktober 2005, boppesteande oan de leden kenber te meitsjen En giet oer ta de oarder fan de dei. Stiens, 30 juny 2005 FNP GBL PvdA CDA WD Meffou Visser (PvdA): De PvdA had geen behoefte aan de motie omdat de provincie zich met de zaak bezig houdt en de zaak al wat verschuift. De hear Dijkstra (FNP): De utspraak fan Provinsjale Steaten haldt yn dat der immen by de gemeente lans moat om te dy te massearen dat de fisitaasje der komme moat. Mefrou Visser (PvdA): Wil straks even schorsen om er in de ffactie over te spreken. De hear Doting (WD): De provinsje mei best sjen hoe't de gemeente wurket. Men kin as gemeente ek wolris op besite by de provinsje gean en in iepen diskusje fiere. It kin ek posityf utlein wurde. 19

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 22