achterkeammerkesoerlis. Yn de buorgemeente is it bedriuweterrein folle grutter en men hie gebruk meitsje kinnen fan harren deskundichheid. Wethalder Keizer: Hy distansieart him fan 'achterkamertjesoverleg'. It kolleezje hat alle fraksjefoarsitters op deselde wize ynformeard. Men leart hyltyd mear fan sokke saken. De hear Dijkstra (FNP): Men mei kenber meitsje dat men it net mei de gong fan saken iens is. Wethalder Keizer: De term 'achterkamertjesoverleg' befalt him net omdat dat net oan de oarder is. De hear Ketellapper (GBL): Hy wol gewoan it sinjaal trochjaan dat it net de wize fan dwaan is dy GBL foar eagen stiet. Men wol bepaalde saken yn eigen hus halde. Men hie by in oare gemeente ynformeare kinnen. Mefrou Visser (PvdA): Zij kan zich wel de gevoelens voorstellen van de heer Ketellapper omdat zij zelf bij het overleg geweest is. Maar niet iedereen weet waar het nu over gaat. De foarsitter: Het college heeft het pijnpunt wel goed genoeg begrepen. De hear Ekas (GBL): Hij hoorde de opmerking van de wethouder dat de gunning te maken had met de prijs-kwaliteit verhouding. Hij kan zich niet voorstellen dat het in de kwaliteit zit. Dan twijfelt men op voorhand aan de kwaliteit van de aangeschreven organisaties. Wethalder Keizer: De iene oanbieding is in stik tichter by de fraachstelling fan it kolleezje leit as de oare. It binne apels en parren. As men der goed yndukt dan sil men dat tajaan moatte. Men sit net foar ivich oan de partij fest dy't it no gund is. It is foar in jier en der wurdt ien yn de organisaasje yntem sa begelaat dat er it oemimme kin. De hear Dijkstra (FNP): It duorret de FNP te lang mei de ynformaasje oer de saak fan Noorderbreedte en Palet. Hoe is de stan fan saken? Der soe wat oan de kant skood wurde as der foar in bepaalde datum net in reaksje wie. Wethalder Admiraal: Men kin op koarte termyn in skriftlike reaksje fan Noorderbreedte ferwachtsje. Wat der fierder bart sil in saak fan oerlis weze mei kolleezje en ried. De hear Ketellapper (GBL): Der soe 15 juny wat bekend makke wurde en dan koe men foar 1 july wat oanpakke. Men moat besykje de data te heljen. De hear Dijkstra (FNP): Hjir hat er wer in rotgefoel by. Wethalder Admiraal: Dat kin men him net ferwite. Hy leit iepenlik alle saken ut. Hy wol earst saken op papier hawwe foardat er oer Noorderbreedte utspraken dwaan kin. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Sa lang as der gjin utspraak fan Noorderbreedte is, kin men gjin fierdere stappen undemimme. Dat soe oars juridyske gefolgen hawwe kinne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 6