situaasje nei it ta stan kommen fan it gebou noch problemen opsmite dan soe de skea foar de gemeente weze moatte. Wethalder Keizer: Der is hurd, soarchfaldich en iepen wurke. Hy wist op de gearkomste fan 12 july de data fan de ynformaasjejun net, mar hy wist wol dat it ynformaasjeboekje oer it plan dateart fan augustus 2004. Doe wie de hichte by de riedsleden bekend. Men hat gjin sterke oanwizingen krige fan de riedsfraksjes krige dat men it net mei de printen iens wie. Der is yngeand troch de projektgroep nei altemativen socht en dat is op 12 july oan de bewenners utlein. Der wurde flaters makke en der hat men lest fan en hy biedt ut namme fan elkenien dy't der mandelich oan west hat de ekskuzes oan. It docht uteinlik lykwols ta de saak wat der komt. Der sitte minsken te wachtsjen op sa'n gebou dat mei syn kombinaasje mei de soarch foar'de takomst nedich is. Men kin de lokaasje Aldlansdyk der dan ek net uthelje. Hy kin him yntinke dat de hear Dijkstra net mei in hoerastimming mei it foarstel ynstimt. De wethalder j out de garansje dat men ut de wetterproblemen komt foardat der mei de bou begun wurdt. As letter oantoanber is dat der noch wetterskea is dan komt dat foar rekken fan de gemeente. Men kin it net elkenien nei it sin meitsje. Yn it bestimmingsplan giet it derom wat men der hawwe wol en it giet derby ek om de hichtematen. As de gemeente it plan realiseare kin, dan kin Stiens dermei in bydrage leverje oan it oplossen fan it wenprobleem yn de regio. Twadde termyn De hear Ketellapper (GBL): Hy fynt it spitich dat sawat alle partijen har ferskulje achter it algemien belang. Flaters meitsje dogge neffens him wol ta de saak. Hy hat sels jierren oantrune op bouwen yn Stiens en him by de deputearre him hurd makke foar wenningen en bedriuweterreinnen Hy fynt it net oannimlik dat it totaal om twa huzen oergean moatte soe. A1 soe der ien boarger tekoartdien wurde dan soe er der ek foar opkomme. Der is rjocht op earlik oerlis. Hy hat sels yn alle gefallen wol in rjochte rech. De hear Dijkstra (FNP): Hy hat sels yn it hiele petear net praat oan it algemien belang. It giet om de kante meters en bouhichte. Hy hat tige belutsen west by de wenningbou yn Stiens, yn it ferline en no ek. Hy wol him lykwols net in minne ferliezer toane. Mefrou Visser (PvdA): Verschuilen wij en andere fracties ons achter het algemeen belang? Men kan zich ook verschuilen achter de bezwaarmakers. Het gaat de fractie van de PvdA in de eerste plaats om de langetermijnvisie. De hear Elgersma (GBL): Fynt dat argumint net terjochte want sa'n gebou sil der ek in hiel lange termyn op dat plak yn it doarp stean. Mefrou Visser (PvdA): enkele burgers ondervinden mogelijk nadeel van dit besluit. Dit moet echter afgewogen worden ten opzichte van winst voor een heel groot geheel. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Men giet net lichtsinnich mei de beswiermakkers om. Men hat goed sjoen hoe't de belangen tsjin inoar ofwoegen wurde moatte. De befolking fergrizet en der moatte foarsjenningen foar weze en men moat bestjoerlike kreft sjen litte. De hichte fan it gebou is ek in persoanlike saak. Sy hat hiel faak ftege wat de konsekwinsjes wienen as der boulaach ofgie. Dat ympliseart net dat it CDA der in boulaach of hawwe wol.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 11