Er vanuit gaande dat de exploitatie van Middelsee kostendekkend moet zijn en er 14 a 15
woningen gebouwd zullen worden moet de prijs van een woning 40.000 zijn
Namens de CDA-fractie
Froukje Haites-Miedema
Wethalder Keizer: Der kinne ferskillende rekkensommen makke wurde. Men wol it leafst
der wat oan oerhalde. It kolleezje hat it sa opsteld dat de gemeente net tekoart komt. Der
binne sones der't net boud wurde kin. Amendemint GBL: Hy soe under de taljochting
sette wolle: 'Het nieuwe raadsvoorstel brengt 2.701.780 euro op.' As men in fest bedrach
per wenning feststelt en as de wenningen der net komme dan mist men dy ynkomsten.
Amendemint CDA: men komt mei dit amendemint wol wat droeger oer de sleat, mar men
haldt itselde neidiel as by it foarstel fan GBL as de huzen net boud wurde. Nimt oan dat de
prizen fan it CDA sunder BTW binne. Mei it foarstel fan it kolleezje komt men makliker
ta de realisaasje fan de 14 wenningen. De trije (yndikatyf tekene) wenningen op de
sichtlokaasje meitsje diel ut fan de 14.
Twadde termyn
De hear Ketellapper (GBL): Is bliid dat it CDA in lyksoartige moasje makke hat. De
35.000 euro moat men diele troch 500 en dan komt men dochs op 140/112,5 euro de kante
meter. Is dat wol helber? It kolleezje gie lit fan 25 wenningen. GBL siet dan mei 18
wenningen hiel reeel. Hooplik komme der bedriuwen dy't wurkgelegenheid meinimme en
hy snapt derom de opstelling fan de PvdA net.
Meffou Haites-Miedema (CDA): Miskien is der wolris it getal fan 25 wenningen neamd.
Neffens de kaart kinne der mar 21 op. Men wol foarkomme dat der goedkeap in wenning
boud wurde kin op in grutte kavel. De kavelpriis fan sa'n goed 100 euro de kante meter is
in neffens har in reedlike priis. De gemeente hoecht der gjin jild op ta te lizzen.
De hear Ketellapper (GBL): Men hat in foarstel dien dat litkomt op it earste foarstel fan it
kolleezje. Men kin best 3 wenningen ferfalle litte. As men mar litkomt op 2,2 miljoen,
want dan bliuwt men noch boppe de begrutting..
Wethalder Keizer: Der is oait sein dat der plak is foar 25 wenningen, mar men moat no
utgean fan 22 wenningen.
De foarsitter: Onderbreekt de vergadering voor een korte schorsing.
De foarsitter: Heropent de vergadering.
Mefrou Haites-Miedema (CDA): Men is it iens wurden mei GBL en de amendeminten yn
elkoar skood. In priis fan in wenning komt no op 30.000 euro. Der kinne faaks mear as
14/15 wenningen boud wurde.
Amendemint
14