6 Mefrou Oppenoorth (PvdA): Is het het college bekend dat dit speelt? Zij kan achter het voorstel van de heer Elgersma staan. De hear Doting (WD): Hy hat der neat oan ta te foegjen, want de dingen binne al sein. Mefrou Haites (CDA): Is bliid dat de hear Elgersma it foarstel oemommen hat om mei inoar om de tafel sitten te gean. Wat kin de portefuljehalder dwaan? Wethalder Admiraal: Hy hie itselde gefoel as de fraksjes doe't er fan de problemen hearde. De konkluzjes fan de hear Dykstra is hy it net mei iens. Fan de kant fan seniorweb hat gjin kontakt west mei it bestjoer. Dat soe wol goed weze, omdat men der dan better oer prate kin. Hy wol de fragen graach skriftlik hawwe. It soe him spite dat it wurk net mear trochgean kinne soe. De hear Elgersma (GBL): As de wethalder eksakt de fragen wit dan kin men de antwurden fan de wethalder wol ofwachtsje. Oer de Burmaniawei: de minsken fine dat men net goed meitinke kinnen hat. De roailine is nei foaren kommen. GB is skrokken fan de luden fan de kant fan de Burmaniawei. Is it kolleezje it iens mei de beswieren fan de bewenners? En wol men in petear hawwe mei de bewenners om ien en oar ijocht te setten? Wethalder Keizer: It kolleezje is net op de hichte fan de ynhald fan de brief, mar men wit troch de stelde fragen wat de beswieren binne. Hy sketst de gong fan saken. By de foarljochting kin men noch net in plaatsje sjen litte fan it gebou. Der hat in fraach west oft de huzen op itselde of op in oar plak komme. Der is doe de ferwachting utsprutsen dat men net oer de roailine hinne gean soe. Der is demei in bestimmingsplan kommen en derby is de aide roailine mei 1,5m oerskrieden. Derop is in beswier kommen, mar dat is net-grune ferklearre en datselde is ek bard by it ferfolch yn de beropsproseduere by de provinsje. Op guon linen is de roailine mei sa'n 1,5m oerskrieden, mar it bliuwt wol binnen it bouflak. It kolleezje stiet iepen foar in petear, mar it sil neat feroarje oan de roailine. De hear Elgersma (GBL): De minsken wize derop dat pas nei it bestimmingsplan dudlik waard dat de roailine 1,5m ferskood wie. It kolleezje soe dochs goed utlizze moatte hoe't ien en oar ferrun is. De hear Ketellapper(GBL): It bouplan wurdt grutter tekene en dat j out betizing. Wethalder Keizer: De kontoeren fan de aide bebouwing steane op de bestimmingsplankaart en dat jildt ek foar de nije bebouwing. De hear Ketellapper(GBL): As men seit dat men wierskynlik op de roailine sitten bliuwt dan moat soks der ek by stean. De hear Tuininga (FNP): Men kin der neffens him net folle mear oan dwaan. Minsken hawwe faak gjin doel oer in bestimmingsplan en derom is hy bliid dat der dochs praat wurde sil. De hear Roosma (PvdA): Hy hat begrepen ut kontakten mei in beswiermakker dat sy net- untfanklik ferklearre binne, omdat sy earder beswier meitsje moatten hienen. Mar sy hawwe net earder beswier meitsje kinnen omdat it har net earder dudlik wie. As men de kaart goed besjen kinnen hie dan hie men beswier meitsje kinnen by de ried. 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2006 | | pagina 6