De hear Elgersma (GBL): De minsken hawwe net yn de gaten han hoe't ien en oar yn inoar stekt. Hy is derom bliid dat der utlis jun wurde sil. De hear Doting (WD): Men kin der foar de takomst ut leare. Yn de foarljochting mear omtinken oan soksoarte saken jaan. Wethalder Keizer: It bestimmingsplan hat in heech abstraksjenivo. Men freget om in bouplan, mar dat kin pas ta stan komme as it bestimmingsplan ree is. De hear Doting (WD): Hy hat fragen oer de feilichheid fan it fytspaad oan de Parallelweg. Der moatte dochs noch wol grutte lanboumasines lans. Hat de provinsje deroer oerlis mei de wethalder han? Wethalder Keizer: Der hat amtlik oerlis west. De fytsers hawwe no foarrang op deselde wize as op it trajekt Stiens-Ljouwert. De hear De Jager (CDA): Er is geld overgeheveld van het rijk naar de gemeente voor chronisch zieken en gehandicapten. Veel gemeenten lijken het geld bij lange na niet opgemaakt te hebben. Bij de gemeente Leeuwarderadeel is er ook sprake van zo'n soort situatie. Hoe groot is het bedrag dat via de sprokkelregeling is uitbetaald? Wat denkt het college met het niet uitgekeerde geld te doen? Hij wijst op de mogelijkheden om de doelgroep in beeld te brengen. Zo kun je gebruik maken van de registratie bij de huursubsidie die overigens op 1 januari 2006 vervalt en de mensen die gebruik maken van de kwijtschelding voor gemeentelijke belastingen. Uit eigen onderzoek is de CDA fractie gebleken dat de doel groep en dat zijn o.a. bewoners van aanleunwoningen van het Skilhiem niet van de sprokkel regeling op de hoogte waren. Wethalder Admiraal: Hy kin net direkt in antwurd op de fragen jaan. Derfoar hat er de help fan de tsjinst nedich. Men is dwaande by de Dienst Sociale Zaken en Werkgelegenheid Noardwest Fryslan' om ek minsken dy't krekt boppe it minimumynkommen sitte yn it belied under te bringen. It wie earst de saak fan de tsjinst om de kollektive syktekostefersekering op oarder te bringen. Hy tinkt yn jannewaris mear oer de utfiering te witten. Men krijt dan mear ynsjoch. De hear De Jager (CDA): Kin men ek ynformaasje oer de regeling yn de Stienser Omroeper jaan? Wethalder Admiraal: It kin miskyn faker, mar men siket ek oare kommunikaasjemiddels om de doelgroepen te benadeijen. De Dienst Sociale Zaken en Werkgelegenheid Noardwest Fryslan' is op dit momint mei in eksperimint dwaande. It moat tichter by de minsken komme. Hy hopet yn jannewaris mei nijs te kommen. As men apart as gemeente in belied fiere wol, dan kin soks in protte kosten mei him meibringe. De hear Dijkstra (FNP): Oer de ynwreidingslokaasje Frime. Men hat meiwurking ferliend oan de ynfolling. Hy komt der wolris lans om te sjen oft der wat bart. Soe wol wat mear druk utoefenje wolle (kontinginten).

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2006 | | pagina 7