Notysje hunestrontbelied Ljouwerteradiel
1.1. YNLIEDING
Dizze koarte notysje is in opiniearjend stik dat bedoeld is om antwurd te krijen op de fraach
oft de ried fan miening is dat hunestront yn de gemeente sa'n probleem is dat der adekwate
maatregels troffen wurde moatte.
Bykommende fraach is dan fansels wat de mooglikheden deryn binne, wat ien en oar kostje
moat en wer't soks ut betelle wurde moat. En watfoar relaasje fait der te lizzen mei it innen
fan hunebelesting.
Direkte oanlieding foar dit skriuwen is benammen it feit dat in soad klachten dy't by de
gemeente binnenkomme geane oer hunestront en it feit dat de gemeente der neat oan docht.
Fierder wurdt geregeld, bygelyks fia de Stienzer Omropper, de diskusje oanswingele oer it
fenomeen hunebelesting. Oer nut en needsaak fan dy belesting wurdt hjir ek neier yngien.
1.2 ARC EWAASJ E OER HUNESTRONT
Bewennersundersyk swerfoffal/hunestront
Yn Ljouwerteradiel is offune jannewaris fia in wiidweidige enkete undersyk dien nei
underfmingen fan boargers mei swerfoffal. Yn dyselde enkete waarden ek fragen steld oer
hunestront yn de gemeente. Troch it oantal weromstjoerde formulieren (respons) is sprake fan
in represintative utslach. In koart oersjoch fan antwurden by de fragen oer hunestront:
92% hat argewaasje fan hunestront op 'e dyk;
sa'n trijekwart fynt dat de gemeente mear dwaan moatte soe om te berikken dat der
minder hunestront op iepenbier terrein komt;
80% fynt dat minsken dy't de stront fan har eigen hun net opromje in boete krije
moatte soene;
sawat 70 fynt dat der yn de gemeente tefolle hunestront op 'e dyk leit;
70% wol mear tafersjoch kontrole op hunestront yn de gemeente.
Dit binne fansels dudlike sifers, al moat jin dat ek wer net te bot femuverje om't de oerlest in
algemien en lanlik fenomeen is dat heech skoart yn de top 10 fan argewaasjes.
1.3 GEMEENTLIK JURIDYSK KADER (APV)
APV-bepaling opromplicht
Artikel 2.4.18 fan us APV giet oer fersmoarging troch hunen.
De eigner of halder fan in hun is ferplichte om der foar te soargjen dat dy hun net skyt op
trottoirs ensfh. en op foar publyk tagonklike en sa ynrjochte bemeboartersplakken, sanbakken
en boartersgreiden.
Allinnich as de stront fuortendaliks opromme wurdt is der gjin sprake fan in strafber feit.
It opromjen lit faak te winskjen oer. In soad gemeenten meitsje derom underskied yn
lokaasjes der't opromjen ferplichte is en lokaasjes der't soks net jildt. Dat binne dan utlitrutes
of -plakken.
Yn prinsipe kin de gemeente mei de APV-bepaling ut 'e fuotten om hanthavenjend op te
treden. Mar yn 'e praktyk leit it der oars hinne. Want by de polysje ha ditsoarte saken gjin
prioriteit. Op 'e died betraapje is der dan ek net by en in klacht yntsjinje hat no net sa gek folle
sin.