De hear Ekas (GBL): Hij heefit zijn oor ook te luisteren gelegd. Het lijkt hem mee te vallen. De situatie is in de gemeente ook anders dan in het zuidwesten van Fryslan. Het probleem wordt ook onderkend, men doet er wat aan en dat is op dit moment voor GBL voldoende. De hear Keuning (CDA): It CDA wol in sinjaal oanjaan nei de oanbelangjende ynstansjes en stipet derom de moasje. De hear Pot (WD): Er komt bij grote drukte wel regelmatig een nieuwe bus en de provincie onderkent de problematiek en daarom vindt hij op dit moment de motie niet noodzakelijk. De hear De Kroon (PvdA): As der klachten fan boargers binne dan moatte dy boargers sels earst dy klachten eame ynbringe. By in folle bus is der al gau in oarenien. It liket him no net de taak fan de gemeenteried om te reagearen. De problematyk is neffens him ek net swier genoch om as ried in utspraak oer de moasje te dwaan. Wethalder Keizer: Yn de beboude komt yndied gauris in bus. Mar yn Britsum en Koamjum moatte minsken soms in oere earder op de bus omdat dy oars net op tiid op har bestimming komme. Hy wit eventueel foar himsels wol in plak der't er it ynbringe kin. De hear Tuininga (FNP): De rie kin in sinjaal oanjaan en der floeit gjin bloed ut. De brief fan Gaasterlan-Sleat is oan alle gemeenten rjochte. Der wienen yn in jier al 700 klachten mear. De FNP hopet dat it foar de boarger better wurdt. De hear Ketellapper(GBL): Hy is bliid mei de wurden fan de hear Keizer. As men yn de gelegenheid is, moat men it op dat plak dellizze. De hear Tuininga (FNP): It is him dudlik genoch dat de moasje gjin stipe krijt en derom wurdt de moasje foar stimming weromlutsen. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA hie krekt fan Britsum oare luden heard as de wethalder. De foarsitter: Stelt vast dat het voorstel ingetrokken is om te stemmen over ondersteuning van de motie. BESLUTFOARMJENDUNDERDIEL 15. Reglemint fan oarder fan 'e rie De hear Ketellapper(GBL): GBL wie bliid mei de termyn fan tolve oeren foar oanfang. Men hoecht neffens him allinne it underwerp oan te kundigjen. De hear Dijkstra (FNP): Der stiet fragenoere en hy soe it op in fragehealoere halde wolle. Oangeande de formulearring dy't net dudlik genoch is en de termyn fan tolve oeren. Hoe komt it dan as der troch omstannichheden foar de foarsitter gjin tiid genoch is? Nimt de twadde foarsitter it dan oer? By 24 oeren is der wat mear romte. De hear Tuininga (FNP): Oangeande it skrifitlik yntsjinjen fan fragen. Der moat ek romte foar de polityk oerbliuwe en derom soe men folstean kinne mei it allinne neamen fan it underwerp.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 15