RAADSVERSLAG 13 MAART 2008 10 Oanpak hunestrontprobleem De hear Tuininga (FNP): It is in ferfolch fan novimber 2007 en der is no in konkluzje ut fuortkommen. De 7 neamde punten binne de FNP wat te min. It giet yn feite om de mentaliteit fan de hunebesitters. Ien op de fjouwer hushaldings hat in hun en dat is lanlik besjoen tige heech. De FNP hat it hunebelied yn oare gemeenten undersocht. By it Westerpark yn Amsterdam liet men in enkete ynfolje en der kamen noch hiel wat mear saken oan bod. De wethalder hat dat rapport fan him krige. De minsken moatte feitlik sjen dat sy wat weromkrije foar de hunebelesting alhoewol't it gjin doelbelesting is. Foar de 5000 euro wurdt omtinken jun oan de utlitplakken en de offalbakken. Op Skylge wurket men mei in hunepoepstofsuger. Hy hat dat fierder undersocht en it skynt tige goed te wurkjen. Empatec beheart it apparaat der't meardere farianten fan binne. Mei ien derfan kin ien persoan him rede en der kin ek in stielboarstel oan festset wurde foar de unkrudbestriding. Hy wol de ried freegje oft it goed weze soe om it kolleezje wat mei syn suggestjes dwaan te litten. Men soe der in folweardich Hunebelied Ljouwerteradiel fan meitsje moatte. De hear De Jager (CDA): It is op himsels goed om it te ferbreedzjen en derom kin er it foarstel fan de hear Tuininga wol stypje dat it kolleezje demei sjocht. De hear Pot (VVD): Er is momenteel helemaal geen beleid. Wie erop betrapt wordt niet op te ruimen kan een boete van rond de 75 euro krijgen. Als er niet gehandhaafd wordt dan heeft de mogelijkheid van beboeting weinig zin. Er worden uitlaatplekken genoemd die volgens hem totaal ongeschikt zijn zoals het Waling Dijkstra-park. Het blijft vooral gaan om de mentaliteit van de hondenbezitter. Men zal een bescheiden begin moeten maken en men moet het goed in de APV opnemen. Wees voorzichtig met het aanwijzen van uitlaatplekken. Er moeten niet te veel zaken bij gehaald worden die de zaak complexer maken. De hear De Kroon (PvdA): Mei de sugers lost men it probleem net op, want dan bliuwt der dochs in skoft lang hunepoep lizzen. De opromplicht moat bliuwe. De hear Tuininga (FNP): Hy is ek foar it leste. It giet him lykwols benammen om de mentaliteit. Hy soe mooglik oar jier mei in strukturele oplossing foar de suger komme kinne. De hear De Kroon (PvdA): It foarstel fan it kolleezje is in goed begjin. De foarljochting fia allinne de Stienser Omroeper en de website is neffens him te licht. Der soe in goede folder komme moatte. Oangeande de losrinplakken: it plak tusken de Britsumer rotonde en de folkstunen liket de PvdA geskikter as de Griene Leane. Foar de 2 euro (it skepke) krijt men de minsken net yn beweging. It is ek mar in part dy't sa'n skepke krijt. De offalbakken op dy plakken der't bem en hunen binne. De hanthavening moat men goed oanpakke binnen in koart tiidsbestek, dan sil dat seker in gedrachsferoaring fan gefolgen hawwe. De skepkes kinne der dus wol ut en de kommunikaasje sil wol wat mear jild kostje moatte. Mei dit begjin soe men neffens de PvdA gryp krije kinne op it probleem. De hear Elgersma (GBL): Hy kin him wol aardich fine yn it ferhaal fan de hear De Kroon. As men de mentaliteit feroarje wol dan soe men net mei in stofsuger begjinne moatte. Mar GBL is krekt wol foar de skepkes, want dan hawwe de minsken dochs it gefoel dat der wat mei de sinten fan de hunebelesting oan de hunestront dien wurdt. De hear De Kroon (PvdA): Hy kin wol ynstimme mei de skepkes as elkenien dy krijt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 26