De hear Elgersma (GBL): Men moat yndied goed nei de plakken fan de offalbakken sjen. Hy is it dan ek datoangeande iens mei de opmerking fan de PvdA oer it plak fan de Griene Leane en oer de stringinte hanthavening. In folder liket him ek tige geskikt om dudlikheid te jaan. Wethalder Haites: Yn it rapport Westerpark steane in hiel protte saken dy't der mear dien wurde. De ried wol it probleem wol oanpakke, mar dan finansjeel yn beheinde mate. De mentaliteit fan de hunebesitter moat feroare wurde. De opromplicht moat neffens har oerein bliuwe. De measte partijen fiele noch net safolle foar de suggestje fan de FNP, mar wolle in earste begjin mei de oanpak meitsje. It giet dus om de feroaring fan de mentaliteit, de foarljochting en de hanthavening. As elkenien in skepke krijt en as men in folder ferspriede wol dan kin men net mei it budzjet ut. As de ried dat wol dan sil der in nije kosteberekkening makke wurde moatte. It is logysk dat de APV goed op dit punt oanpast wurde moat, want oars kin men net hanthavenje. Krekt op de utlitplakken jildt de opromplicht en der moatte dus ek bakken stean. De hear Pot (WD): Hij vindt dat het overal in de gemeente schoon zou moeten zijn. Wethalder Haites: Op de utlitplakken soe sy dochs offalbakken delsette wolle. It doel is dat elkenien de hunestront oprommet. Sy wit net krekt op wat foar altematyf men foar de Griene Leane doelt. De hear De Kroon (PvdA): Tusken de folkstunen oan de sudkant en de rotonde fan Britsum. Twadde termyn De hear Pot (WD): Men kan volgens hem een brief sturen aan de hondeneigenaren waarin een en ander simpel gesteld wordt. Dat hoeft niet zo veel te kosten. De hear De Jager (CD A): It CD A hat al earder sein dat it te meitsjen hat mei mentaliteit, hanthavening en foarljochting. De hunebesitter moat op syn ferplichtings wiisd wurde. De hear De Kroon (PvdA): It kolleezje soe de opmerkingen ferwurkje moatte en mei in nij foarstel komme moatte. Deryn kin ek de suggestje fan de FNP meinommen wurde. De fersprieding fan de folder moat beheind wurde ta de hunebesitter. Wannear hat men foldien oan de opromplicht? Wer moat men it yn dwaan? Miskien is de metoade mei pudsjes wol better as mei skepkes. It Waling Dijkstra-park is wol geskikt foar offalbakken, mar dy hoege neffens him net oeral te kommen der't utlitplakken binne. Men moat ek nei de oare doarpen sjen en dat moat ek yn it nije foarstel utwurke wurde. De hear Tuininga (FNP): De foarljochting stiet ek by de FNP boppe-oan. As de boarger sjocht dat der neat mei it jild dien wurdt dan feroaret de mentaliteit net. De hunestront giet faak de goate of de strukjes yn as men in ein rinne moat. Offalbakken wurde ek gauris femield en dat kostet in protte jild. It is de ffaach oft men in oar jier net wer in selde bedrach derfoar utluke moat. In BOA sil ek betelle wurde moatte. Mar wat is de stan fan saken oangeande bestjoerlike boetes? De suger kin, as men alles trochberekkenet, foar net iens safolle jild in resultaat opsmite der't de minsken tige optein oer weze kinne. De hear Elgersma (GBL): GBL wol it nije stik ofwachtsje. Hy wiist derop dat it wetlik tastien is om de hunestront yn de goate of it wetter te deponearen. De foarsitter: Neffens him wurket it rinnen fan minsken mei in skepke tige oansteklik.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 27