KONKRETE MAATREGELS 1. Foarliochting De gemeente jout foarljochting fia de Stienzer Omropper en de website. Hunebesitters wurde wiisd op nut en needsaak fan it opromjen fan hunestront as it bist utlitten wurdt. Der wurdt in berop dien op de eigen ferantwurdlikheid en plicht. Mentaliteitsferoaring by minsken dy't bewust of unbewust it probleem feroarsaakje is it doel. Demeist moat lykwols ek dudlik makke wurde dat de gemeente serieus wurk meitsje wol fan kontrole op neilibjen fan regels. Minsken dy't net om lyk wolle rinne dus it risiko fan in boete (sjoch ek 5.) 2. Losrinplakken Losrinplakken/utlitplakken/'huneboartersplakken' binne lokaasjes der't hunen utlitten wurde meie sunder dat sy oan de rym moatte. Dat wykt of fan it stelde yn de APV, dy't losrinnende hunen ferbiedt, sawol binnen as buten de beboude kom. Om it kolleezje dochs de mooglikheid te jaan om sokke plakken yn 'e gemeente oan te wizen moat it APV-artikel dan ek oanfolle wurde. Yn 'e praktyk wurdt it losrinplak troch buordsjes of pealtsjes oanjun. Foar Stiens komme yn oanmerking: it stik iepenbier grien op bedriuweterrein Middelsee, parallel oan de N357; it Mierepaad by Doniastate; it Waling Dykstrapark; it stik iepenbier grien oan de Griene Leane, tusken brege en folkstuntsjes yn. As argumint foar dy lokaasjes jildt dat sy yn de praktyk ek al as utlitplakken brukt wurde. De opromplicht bliuwt bestean. De gemeente biedt fasiliteiten yn de foarm fan bakken (sjoch under 4.). Foar de oare doarpen wurde allinnich plakken oanwiisd op en nei foarstel fan in oanbelangjende feriening fan doarpsbelang. Yn 'e praktyk sil needsaak en ferlet fan sa'n plak der nei alle gedachten minder weze. 3. Skepkes Mei de dierespesjaalsaak yn Stiens fait mooglik te akkoartsjen oer distribusje fan spesjale skepkes foar it opromjen fan hunestront. En oars kinne skepkes op it gemeentehus ofjun wurde. In hune-eigener kin fergees in skepke ophelje. 4. Offalbakken Foar de tinder punt 2 neamde losrinplakken bliuwt us APV fan kreft wat de opromplicht fan hunestront oangiet. It is net mear as logysk dat op dy lokaasjes dan ek offalbakken pleatst wurde. As utgien wurdt fan 2 bakken de lokaasje binne der op dit stuit 8 fan noadich. 5. Hanthavenjen Troch de ried is dudlik oanjun dat de gemeente ek mear ta moat op hanthavenjen neist it foarsjen yn praktyske maatregels. Yn 'e praktyk betsjut soks in periodike kontrole troch polysje (of miskien yn de takomst de 'BOA') op it neilibjen fan de opromplicht fan hunestront. Op 'e died trappearje levert in boete op fan om-ende-by 75,00. Fan de kontroles soe in previntive wurking utgean moatte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 30