Twadde termyn De hear De Haan (GBL): It kolleezje soe wol nei de suggestje fan de PvdA sjen kinne. GBL hat it jild der wol foar oer, mar de gemeente hat gjin jild. Wethalder Haites: Men sil prioriteiten oanjaan moatte. De hear Ekas (GBL): Dat doet men al jaren, maar de kas is leeg. Als het college zorgt voor dekking dan kan GBL bekijken of men erachter kan staan. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA hat in suggestje dien oer de leezjes en de parkearplakken. Wethalder Haites: De parkearplakken lykje har in sigaar ut eigen doaze. De leezjes smite net folle op en dermei kin men net by de oare subsidiinten ferskine. De hear De Kroon (PvdA): De ried bepaalt sels wat de gemeente deroan betelje wol. As men ut it rinnende budzjet fan 2008 of 2009 der parkearplakken realisearje kin dan wurdt it projekt der better fan. Wethalder Haites: Soks wurdt realisearre yn de rin fan it projekt, mar dan moat men der earst wol it jild foar hawwe. Men wol no witte wat de gemeente der foar oer hat. De hear De Kroon (PvdA): Foar de PvdA binne dat de leezjes en de mooglike fasilitearring mei de parkearplakken. De hear Pot (WD): Hij houdt zijn eindoordeel nog even voor z ich. Mefrou Wachter (CDA): Het CDA vindt het jammer dat het bedrag van 35.000 euro niet in twee jaar afgeschreven kan worden. Zij zou graag willen weten wat het voorstel van de PvdA financieel inhoudt. De foarsitter: Hy stelt fest dat men earst de suggestje fan de PvdA yn in nij foarstel ferwurkje wol. De hear Tuininga (FNP): De opmerkingen moatte earst ferwurke wurde en dan kin men der fierder oer prate. De hear Ekas (GBL): Als elk raadslid een bijdrage geeft van 1.000 euro, dan heeft is er al een bedrag van 15.000 euro. De foarsitter: Hy stelt fest dat it punt weromkomme sil.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 40