RAADSVERSLAG 13 MAART 2008 14 Feststellen offisjele plaknammen De hear De Jager (CDA): It CDA is foarstanner fan de Fryske plaknammen op de buorden. DB is foarstanner, mar yn de enkete leit it wat oars. It CDA giet foarby oan de enkete omdat dy net soarchfaldich genoch is; der wie bygelyks mar ien antwurdformulier per hushalding. It CDA kin ynstimme mei it foarstel. De hear Pot (WD): Hoe objectief zijn de uitslagen van de enquetes? Hij heeft de indruk dat men niet zat te wachten op de verandering van de plaatsnaamborden. Het brengt kosten voor het bedrijfsleven en de gemeente met zich mee. De WD kan zich wel vinden in het vermelden van de Friese namen aan het begin van de bebouwde kom van elk dorp. Hij wil voor de duidelijkheid ook een tweetalig bord. De hear De Kroon (PvdA): Men moat fansels witte wat de boargers wolle, mar de ried hat ek in eigen ferantwurdlikheid. Men moat it Frysk as minderheidstaal befoardeije. De Fryske nammen binne ek de aldste nammen en de bewenners bruke foar it grutste part ek al de Fryske nammen. De wetters hawwe no ek Fryske nammen. De utslach fan de enkete is net sadanich dat men it belied bystelle moat. In grut part fan de befrege minsken wol it ek oan de ried oerlitte. De hear Dijkstra (FNP): De feroaring fan plaknammen is it primaat fan de ried. Elk doarp wist dat de feroaring deroan komme soe. Aide Leije/Oude Leije wie it dreechste gefal. Yn Feinsum makke it foar 75% net ut oft it feroare waard. DB Koamjum woe it oan de ried oer litte. Hy snapt net hoe't it ea ta de namme Comjum kaam is. Dat kin no moai weromdraaid wurde. De hear Elgersma (GBL): GBL is in partij dy't it Frysk graach brukt, mar hat wat muoite mei it foarstel. De nammen Hijum, Stiens, Jelsum en Britsum hawwe deselde skriuwwize en derom doocht it argumint oangeande dy nammen net. Yn 2002 soe de ried besletten hawwe dat der twatalige nammen komme soenen mei de Fryske namme boppe-oan. De modeme tiid mei TomTom-apparatuer hat de gemeente lykwols ynhelle en Fryske nammen sille derby problemen jaan. In hiel grut diel fan de bewenners fan de gemeente brukt de Fryske nammen net. Oer de Fryske wettemammen: de Nederlansktalige nammen wurde noch altyd op de eigen site fan de gemeente brukt. Oare gemeenten dy't de Fryske nammen ynfierd hawwe, lykas doedestiids Tytsjerksteradiel, hawwe nochal wat problemen dermei han, benammen de bedriuwen. GBL wol twatalige buorden mei de Nederlanske namme boppe-oan. As de buorden noch kreas genoch binne dan hoege dy net ferfongen wurde. De poddestuollebewizering soe ek ferfongen wurde moatte as men it goed dwaan wol. Wethalder Keizer: Hy is bliid mei de stipe foar it foarstel. As men by TomTom de Fryske namme ynfiert dan ffeget er wol fierder as men gjin reaksje krijt. Boppedat kin it postkoadenumer ynfold wurde. By de gemeenten dy't as earsten de Fryske nammen ynfierd hawwe, wie dy mooglikheid der noch net. De wettemammen binne foarich jier offisjeel ynsteld en ien en oar sil noch op de hiemside oanpast wurde moatte. Twadde termyn De hear Ekas (GBL): Men spreekt over budgettair neutraal en men spreekt over vervangen als dat nodig is en dan zouden de paddestoelen de eerstkomende 30/40 jaar niet vervangen

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 91