kostet in protte jild. It is de fraach oft men in oar jier net wer in selde bedrach derfoar utluke moat. In BOA sil ek betelle wurde moatte. Mar wat is de stan fan saken oangeande bestjoerlike boetes? De suger kin, as men alles trochberekkenet, foar net iens safolle jild in resultaat opsmite der't de minsken tige optein oer weze kinne. De hear Elgersma (GBL): GBL wol it nije stik ofwachtsje. Hy wiist derop dat it wetlik tastien is om de hunestront yn de goate of it wetter te deponearen. De foarsitter: Neffens him wurket it rinnen fan minsken mei in skepke tige oansteklik. De hear Tuininga (FNP): De beskikbere pudsjes wurde troch de jeugd gauris ut de peallen helle. De skepkes, dy't it meast troch gemeentes brukt wurde, kostje 0,36 euro. Wethalder Haites: De opmerkingen binne dudlik en dy sille, ynklusyf de suggestje fan de FNP, meinommen wurde yn it nije stik. Sy kin gjin tasizzing dwaan foar hokker gearkomste it klear weze kin. De foarsitter: Hy stelt fest dat it punt weromkomme sil yn ien fan de kommende riesdgearkomste. 11 Beneaming leden fan 'e monumintekommisje De foarsitter: Der wurdt skriftlik oer de foardracht stimd. De hearen Dijkstra, Pot en meffou De Voogd foarmje it stimburo. Nei de skriftlike stimming jout hy it wurd oan de foarsitter fan it stimburo, de hear Dijkstra. De hear Dijkstra (FNP): Der binne 13 stimmen konfoarm de foardracht utbrocht. De foarsitter: De foarstelde kandidaten foar de monumintekommisje en de foarstelde leden binne konfoarm de foardracht beneamd en werbeneamd. 12 Subsydzje oanfraach St. De Tunmanswente De hear Tuininga (FNP): As dit de earste oanset foar in gruttere oanpak is dan soe it net ferstannich weze om it net te dwaan. It eksploitaasje-oersjoch is neffens him net alhiel reeel. As it projekt mislearret wat bart der dan mei sa'n wente? Men jout in wenromte fuort en der soe in garansje komme moatte dat der in wente foar weromkomt. Omdat it fan betsjutting weze kin foar de rekreaasje yn Koamjum is de FNP yn earste ynstansje foar it foarstel. De hear De Kroon (PvdA): It is op himsels in prachtich projekt. Mar wat as der noch mear oanffagen komme fan bygelyks Doniastate of Dekemastate? Sa'n projekt kin dan in presedintwurking krije. De gemeente kin ek net sokke grutte bedraggen opbringe. Men hat al swiere ynvestearings yn de ynfrastruktuer. Sa moat de Kletsefeart oanpakt wurde en der is noch it projekt Sporen op de Friese Klei. Men is no ek noch mar maart 2008 en men wit net hoe't it fierder mei de finansjes rint. Yn de foarlopige begrutting foar 2009 stiet al 180.000 euro foar Sporen op de Friese Klei en 150.000 euro foar in projekt yn Aide Leije. It is te luks om 35.000 euro foar it projekt te jaan. De leezjes soe men as subsydzje takenne kinne en de gemeente kin it projekt fasilitearje mei parkearplakken. Dat liket him it maksimum ta wat de gemeente jaan kin. De hear Pot (WD): Het is een prachtig project, maar de gemeente heeft het geld niet. Is de suggestie van de heer De Kroon niet een sigaar uit eigen doos?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 12