Mefrou Wachter (CD A): Het CD A ziet de noodzaak van de versterking van de recreatie van Martenastate zeker in. Vaak vragen instanties van andere partijen om een bijdrage te leveren aan een project. Is de cofinanciering een hard gegeven? Kan de gemeente het bedrag over 2009 en 2010 spreiden? Het aantal inwoners neemt langzaam af. Het zou evenwel mooi zijn dat er woonruimte voor terugkomt. Zij neemt aan dat bij niet doorgaan van het project de woning als woonruimte terugkomt. De hear De Haan (GBL): Ook GBL is enthousiast over de presentatie. Wat betekent dit voor Leeuwarderadeel? Wat zijn de rechten en verplichtingen? Hij maakt zich niet zo veel zorgen over de cofinanciering gezien het vermogen van de andere partners. Men weet echter niet hoe de fmanciele positie van de gemeente emit komt te zien. Als er geld over is, kan men een bijdrage verlenen. Wethalder Haites: Der bliuwt in wenbestimming op de wente. It kolleezje wol har uterste best dwaan om der wenromte foar werom te krijen. It eksploitaasje-oersjoch jout in yndruk fan wat it opbringe kin. Der hat de gemeente fierder net folle mei te meitsjen, omdat it om in bydrage foar ien kear giet. Dy subsydzje moat yn ien kear ferliend wurde want it moat no ek utfierd wurde. De betelling soe wol oer twa jier plakfine kinne. De provinsje subsidiearret 40% fan de kosten. De stichting soe graach hawwe wolle dat de gemeente 10% foar har rekken nimt. Dermei kin de gemeente nei de oare organisaasjes oanjaan dat de gemeente it projekt in waarm hert tadraacht. Der binne fansels ek oare rekreaasje-projekten. It projekt foarsjocht yn in hiaat yn dat gebiet, want der is yn Koamjum fierder neat. It soe foar Koamjum in grutte opstekker weze as der wat lytse foarsjennings komme. De gemeente wurdt dermei better op 'e kaart set. Koamjum leit oan it Japikspaad en it is in learprojekt foar Van Hall. Rekreaasje soe in spearpunt foar de Middelseegemeenten weze en dan past it projekt prachtich yn de utwurking fan dat stribjen. Twadde termyn De hear De Haan (GBL): It kolleezje soe wol nei de suggestje fan de PvdA sjen kinne. GBL hat it jild der wol foar oer, mar de gemeente hat gjin jild. Wethalder Haites: Men sil prioriteiten oanjaan moatte. De hear Ekas (GBL): Dat doet men al jaren, maar de kas is leeg. Als het college zorgt voor dekking dan kan GBL bekijken of men erachter kan staan. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA hat in suggestje dien oer de leezjes en de parkearplakken. Wethalder Haites: De parkearplakken lykje har in sigaar ut eigen doaze. De leezjes smite net folle op en dermei kin men net by de oare subsidii'nten ferskine. De hear De Kroon (PvdA): De ried bepaalt sels wat de gemeente deroan betelje wol. As men ut it rinnende budzjet fan 2008 of 2009 der parkearplakken realisearje kin dan wurdt it projekt der better fan. Wethalder Haites: Soks wurdt realisearre yn de rin fan it projekt, mar dan moat men der earst wol it jild foar hawwe. Men wol no witte wat de gemeente der foar oer hat.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 13