derom doocht it argumint oangeande dy nammen net. Yn 2002 soe de ried besletten hawwe dat der twatalige nammen komme soenen mei de Fryske namme boppe-oan. De modeme tiid mei TomTom-apparatuer hat de gemeente lykwols ynhelle en Fryske nammen sille derby problemen jaan. In hiel grut diel fan de bewenners fan de gemeente brukt de Fryske nammen net. Oer de Fryske wetternammen: de Nederlansktalige nammen wurde noch altyd op de eigen site fan de gemeente brukt. Oare gemeenten dy't de Fryske nammen ynfierd hawwe, lykas doedestiids Tytsjerksteradiel, hawwe nochal wat problemen dermei han, benammen de bedriuwen. GBL wol twatalige buorden mei de Nederlanske namme boppe-oan. As de buorden noch kreas genoch binne dan hoege dy net ferfongen wurde. De poddestuollebewizering soe ek ferfongen wurde moatte as men it goed dwaan wol. Wethalder Keizer: Hy is bliid mei de stipe foar it foarstel. As men by TomTom de Fryske namme ynfiert dan freget er wol fierder as men gjin reaksje krijt. Boppedat kin it postkoadenumer ynfold wurde. By de gemeenten dy't as earsten de Fryske nammen ynfierd hawwe, wie dy mooglikheid der noch net. De wetternammen binne foarich jier offisjeel ynsteld en ien en oar sil noch op de hiemside oanpast wurde moatte. Twadde termyn De hear Ekas (GBL): Men spreekt over budgettair neutraal en men spreekt over vervangen als dat nodig is en dan zouden de paddestoelen de eerstkomende 30/40 jaar niet vervangen hoeven te worden. Als je zo veel waarde hecht aan de Friese taal dan zul je alle borden, inclusief de paddestoelen, moeten aanpassen. Dat kost geld en dat zou de raad erbij moeten zetten. De hear De Kroon (PvdA): Is GBL no al of net foar de Fryske nammen? Yn hiel it lan wurde nammen troch inoar brukt en dat jout gjin problemen. Op en doer sil TomTom ek de Fryske nammen oemimme. De hear Elgersma (GBL): It giet der om dat der problemen komme sa't dy yn it ferline ek by oare gemeentes west hawwe. De hear Dijkstra (FNP): Hy hat sels yn Arabyske lannen wurke en de Nederlanske bedriuwen hawwe gjin problemen mei it 'spaghettiskrift' der. De foarsitter: Hy brukt elke dei TomTom en dy koe in lokaasje yn Temaard net fine nettsjinsteande it krewearjen fan in FNP-steatelid derfoar. Wethalder Keizer: De poddestuollen binne fan de ANWB en der hat de gemeente fierder gjin gedoente mei. De hear Ekas (GBL): Hij heeft in de eerste termijn over de raad gesproken. GBL is op het voorstel tegen. Als je wat wilt, dan moet je het goed doen. Laat de organisaties weten dat men binnen nu en een halfjaar de bordjes aangepast heeft. De foarsitter: Bringt it foarstel yn stimming. De hear Pot (WD): Hij kan het voorstel niet volgen zoals het nu voorligt en is daarom tegen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 15