Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 maart 2008 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de ffoulju J. Ennour (PvdA), M. Wagenmakers (PvdA), U.C. de Voogd (PvdA), en de hearen H. de Jager (CDA), J. Pot (WD), H. de Kroon (PvdA), J.W. Tuininga (FNP), F. Dijkstra (FNP), W.F. Ekas (GBL), A. Elgersma (GBL), R.A. Ketellapper (foarsitter, GBL) en M. de Haan (GBL). Ut it kolleezje fan B W: de hear J.S. Keizer (wethalder), mefrou G.Visser (wethalder) en mefrou F. Haites-Miedema (wethalder); de hear J.J. Kingma (siktaris). Griffier: de hear A.G.M. Rutten. Mei kundskip ofwezich: mefrou P.A.M. Slagter-Adelaar (GBL) en de hearen E.J. ter Keurs (boargemaster) en J.E. Keuning (CDA). Fierder oanwezich: de hear J.W. van Dalen (foarsitter rekkenkeamerkommisje). 1. Iepening en meidielings foarsitter De hear Ketellapper hyt as foarsitter elkenien wolkom. Hy sil de gearkomste foarsitten omdat de boargemaster net oanwezich kin weze. Ek mefrou Slagter-Adelaar en de hear Keuning hawwe trochjaan net oanwezich te weze. 2. Feststellen wurklist De foarsitter: Docht it foarstel om agindapunt 14 foar agindapunt 9 te behanneljen sadat wethalder Keizer oan in oerlis mei deputearre Andriesen dielnimme kin. De FNP wol graach agindapunt 13 trochskowe nei de oare gearkomste omdat de boargemaster as portefuljehalder net oanwezich is. De foarsitter stelt fest dat de ried mei de foarstellen ynstimt. 3. Ynsprekrjocht boargers Der binne gjin ynsprekkers. 4. Fragehealoere riedsleden De hear Tuininga (FNP): Men hat it earder han oer de nije wize fan opheljen fan aid papier. Bedriuwen lieten it papier ophelje troch de buertferienings. Soms makke men derby gebruk fan in parse. Hoe is dat no regele? Moat sa'n bedriuw no in kontener oanskaffe? Yn de kilo's foar de berekkening sitte de kilo's fan dit momint wol by yn. Krije de buertferienings minder subsydzje as der minder papier binnen komt? Wethalder Haites: Sy wit net hoe't it eksakt mei de konteners oplost wurdt. De ferienings krigen de standertpriis fan de ofrune jierren. Sy tinkt dat it foar de ferienings gelyk bliuwt. As der noch wat oer te melden is dan sil sy de oare kear de ried deroer ynformearje. De hear Tuininga (FNP): Oangeande keunstgersfjilden. De tastan fan de besteande fjilden is tige min. Soenen de keunstgersfjilden troch foarfmansiering in jier earder oanlein wurde kinne? Is der ek oer praat mei de ferienings? Wethalder Haites: Offisjeel is der net oer praat. It rapport is no klear en it leit by de ferienings. Men sil it letter offisjeel oanbiede oan de gemeente en dan begjinne de

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 4