Wethalder Keizer: Der leit yndied in moasje. Der hat earst lykwols in amendemint fan it CDA west oer it meitsje fan de kaaimuorre. Jild foar Aide Leije en Feinsum is nei de haven fan Britsum gien. It amendemint fan GBL oer grut underhald is ek oannommen. De helte fan de geunstige septimbersirkulere is derby taheakke oan it underhaldsfuns havens en bregen. Demei kaam de oannommen moasje fan de PvdA. Deryn wie sprake fan grut underhald oan de haven fan Britsum keppele oan in privatisearringsundersyk. Elkenien is derfan oertsjuge dat der wat oan it nedige underhald (kaaimuorre) dien wurde moat. Grut underhald is noch gjin sprake fan. As de walbeskoeilng ynsakket dan rinne minsken gefaar en dan moat der wat oan dien wurde en soks rekkent er ta it needsaaklik underhald. Baggerjen en slopen fan steigers rekkent hy lykwols ta grut underhald. Men is noch net mei de behearder yn oerlis oer privatisearring. Dat moat soarchfaldich taret wurde. De Klompskippers binne wol ree om eventueel it hierkontrakt iepen te brekken. De hear De Kroon (PvdA): Men wie it iens oer de oanpak fan de kaaimuorre. Wat is lykwols it ferskil tusken it grut underhald en needsaaklik underhald? It grutte underhald is neffens him foar rekken fan de gemeente en it lytse underhald foar de Klompskippers. Hy soe de moasje dan ek nochris goed tsjin it ljocht halde wolle. De sinten dy't ut de moasje fan GBL fuortkomme, kinne net bestege wurde omdat de moasje fan de PvdA der leit. It wie krekt de bedoeling om it hierkontrakt op te sizzen. Oars wurdt it ferlingd oant nei 2014. De PvdA wol graach mei de wethalder analysearje wat no krekt grut en lyts underhald is. Wethalder Keizer: Hy is ree om oan dat fersyk te foldwaan. Mefrou De Voogd (PvdA): Zij heeft een vraag over de bereikbaarheid van het gemeentehuis voor minder validen. Het gemeentehuis is goed aangepast voor minder validen, maar de bereikbaarheid van de parkeerplaats naar het gemeentehuis blijkt wel omslachtig. Er is een invalidenparkeerplaats aan de zijkant van het gemeentehuis. Als men daar parkeert, moet men om het gemeentehuis lopen om daar naar de aangepaste "oprit" te lopen/rijden. Als men aan de Lange Buorren parkeert in de rijrichting moet men aan de straatkant uitstappen alwaar ook een verhoging zit. Volgens de PvdA is dat niet ideaal. Is het ook mogelijk om op het plein in de buurt van de "oprit" een invalidenparkeerplaats te creeren? Wethalder Keizer: Men fun by de ynrjochting dat twa ynritplakken foar minder faliden foldwaande wienen. It is de earste klacht dy't him hjiroer berikt. Hy sil der lykwols nei sjen. 5. Feststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 21 febrewaris 2008 De hear Dijkstra (FNP): Wat op side 6 under syn namme stiet doocht net. It moat weze: 'Omdat de hunestront gjin prioriteit hat by de plysje kin de boarger de rezjy wol yn hannen nimme en de utkomsten derfan melde oan de plysje. In inkele boarger docht dat no ek al.' De foarsitter: It ferslach wurdt mei de wiziging goedkard en feststeld. YNFORMEARJENDUNDERDIEL 6. Ynkommen stikken (lizze op besjen)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 6