Raadsverslag 28 augustus 2008 11. a. Jierferslach 2007 fan de Middelsee Gemeenten b. Untwikkelingsprogramma 2008 Middelsee Gemeenten c. Projektplan oare tsjinstferliening Middelsee Gemeenten De hear De Jager (CDA): Der moat socht wurde nei in fierdere untwikkeling fan de gearwurking buten de al besteande projekten en taakfjilden. Tink derby bygelyks oan automatisearring. Sykje nei mear mooglikheden. Ljouwerteradiel is in lytse, kwetsbere gemeente. Amtners soenen ris meidraaie moatte yn in oare gemeente. Dat kin in moaie utdaging weze en ferrommet de hoarizon.Is der wolris neitocht oer in kursus ferbettering tsjinstferliening? It CDA nimt it jierferslach 2007 fierder foar kundskip oan. De hear Pot (VVD): Men is goed op weg. Het is nog afwachten wat het resnltaat zal zijn. De tijdsspanne voor o.a. ict lijkt hem acceptabel. De VVD is positief over het stuk. De hear De Kroon (PvdA): Men soe foar it jierferslach 2008 wol wat mear der yn leze wolle. Mear oer de opbringst en net allinne oer wat der bard is. It untwikkelprogramma 2008 leit in stik achter by de wurklikheid. Men hat bygelyks al yn 2007 as spearpunt rekreaasje en toerisme oanjun en dat stiet der net yn. It liket derop dat der siden ut it aide projekteboek kopieard binne. It soe dus oanpast wurde moatte oan de realiteit fan it rinnende jier. By it dielprojekt oare tsjinstferliening jildt dat ek. De nijsbrief fan maart jout in dudlike beskriuwing fan de automatisearring. Yn juny 2008 soe it al realiseard weze, mar dat fynt men net yn dit stik werom. De PvdA is tefreden as it ferrint neffens de ynformaasje fan de nijsbrief. Ynvestearingskosten moat men ferlykje as selsstannige gemeente mei dy foar de Middelseegemeenten oer. Hy rekkent op in nijsbrief fierderop yn it jier. De hear Dijkstra (FNP): It is al in skoft lyn dat it allegearre op papier set is. It proses sil noch wat jierren duoije. Hy is bliid mei wat der op papier stiet, want yn oktober komt de nije Kommissaris fan 'e Keninginne en dan wit dy wer't men mei te set is. De hear Ketellapper(GBL): Hy tinkt dat oaren wolris fierder weze kinne. It giet GBL te stadich. Boargemaster Ter Keurs: De realiteit is natuurlijk al wat anders dan zoals het op papier staat. Hij heeft er nota van genomen dat de raad een tandje hoger wil. De hear De Kroon (PvdA): Neffens him hat men de broek fol om de saken te dwaan dy't men as ambysje utsprutsen hat. As men yn 2008 realiseart wat foar 2007 omskreaun is dan is de PvdA tefreden. Boargemaster Ter Keurs: Hij is het daarmee eens. Men kan hiermee inderdaad de Commissaris van de Koningin een goed beeld van de ontwikkelingen geven. Twadde termyn De hear De Kroon (PvdA): Men praat no pas ein augustus oer de saak. Hy hat yn maart by in gearkomste fan de VNG yn Grins west en der hat er al dy saken oer de Middelseegemeenten al under eagen han. Boargemaster Ter Keurs: Het is inderdaad later dan men redelijkerwijs had kunnen verwachten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 36