Raadsverslag 28 augustus 2008 16. Ludsbelied Ljouwerteradiel De hear Keuning (CD A): De troch it CD A foarstelde wizigings binne yn it foarstel ferwurke en it CD A kin dermei ynstimme. De hear Pot (YVD): Hij sluit zich daarbij aan. Op bladzijde 11 wordt over het vaststellen van de hogere waarde door het college gesproken. Wat moet hij zich daarbij voorstellen? Mefrou Ennour (PvdA): De bevindingen van de PvdA zijn verwerkt. De PvdA kan met de notitie instemmen. De hear Dijkstra (FNP): Hy is bliid dat it kostenaspekt der no by is en dat it sintrum wat wider oprutsen is. De keam fan Britsum soe neffens de FNP in wat oare behanneling hawwe moatte as in wenwyk. Dat is der net yn meinommen. De FNP kin him fierder yn it stik fine. De hear Elgersma (GBL): De kaders dy't GBL oanjOn hat yn it foartrajekt binne meinommen en GBL kin dan ek akkoart gean. Wethalder Haites: Der binne grinswearden en wearden der't men nei stribbet. As men foar it sintrum bygelyks de streefwearde helje wol, dan komt men foar oanpassings te stean. Men sil derby altyd sjen moatte oft de ynvestearing opweecht tsjin de opbringst. De wearden hawwe neat mei feesten of soksoarte saken te meitsjen. It butengebiet is yn it gehiel meinommen, mar der falle de doarpen net tinder. Sy hat it gefoel dat der yn de doarpen gjin knipepunten binne. Der binne oare saken dy't prioriteit hawwe. It sil yn de takomst wol oan de oarder komme. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 54