Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 30 oktober 2008 om 20.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 12. It feststellen fan de programmabegrutting fan 2009 De foarsitter: Hij geeft van tevoren aan dat het college een reeel sluitende begroting heeft willen voorleggen. De begroting is in ambtelijk overleg met de provincie tot stand gekomen. De hear Pot (WD): Het Rijk legt vele taken bij de lagere overheden neer. Bovendien is het economisch klimaat minder gunstig geworden. Een intensievere samenwerking met andere gemeenten is noodzakelijk. Het is nodig om tarieven te laten stijgen, maar men moet de noodzaak daartoe wel aan de burger duidelijk kunnen maken. Zaken als onderzoek naar de verzelfstandiging van het sportcomplex, het inleveren van een wethouder en het rekenen van commerciele huren, juicht de WD toe. Het is jammer dat men de komende tijd geen leuke dingen kan doen. Bij leningen moet men oppassen want het ijs begint steeds dunner te worden. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA is wiis mei de duale harmony der't it proses dit jier mei ferrun is en ek mei it oerlis mei de provinsje. Men is it iens op de haadlinen. By grienbehear hie de PvdA foarsteld om der noch in ton mear of te heljen. Men hat derby ek wiisd op in oare oanpak. It kolleezje soe derom it kommende jier ris sjen moatte nei oare metoaden fan oanpak fan it grien. De rute foar It Gryn is foar de PvdA akkoart. Kin men it sportkompleks net op in oare wize beheare? Dat soe oare simmer dudlik weze moatte, sadat men it yn de begrutting foar 2010 meinimme kin. Men hat yn febrewaris 2007 fragen steld oer it mfc yn Britsum. It plan koe neffens him allinne mar slagje as men de wenningboukorporaasje derby belukt. By de begrutting foarich jier is der wer oer praat en der is doe yn in moasje festlein, dy't riedsbreed oannommen is, dat men allinne mei in yntegrale oanpak (mei wenningbou en wenningboukorporaasje) kans fan slagjen hie. It kolleezje wie akkoart mei de moasje en de yntinsje-oerienkomst soe der ein 2007 weze. No moat lykwols de saak noch besjoen wurde en hat it kolleezje noch gjin plannen. Der moat in tydslimyt komme, want oars duorret it te lang en is men te folle jild kwyt oan advysburo's. Men soe tagelyk ek rekken halde moatte mei de suggestje fan de FNP om de leechsteande lokalen fan de Twilling nei Britsum te ferpleatsen. Hy soe yn febrewaris 2009 dudlikheid hawwe wolle. As it net slagget dan sil men sjen moatte hoe't men mei de Homeie fierder moat. De keppeling oan de Stipe by it keunstgersfjild is wat te koart troch de bocht. Men hat geregeld diskusje oer it underhald fan de ijilden. Sjoch derom nei in wize fan privatisearjen fan de fjilden, ek oangeande underhald. Der moat in yntegraal plan komme en dan kin men fierder prate oer in keunstgersfjild. Der sit no ek in bydrage fan de Sosjale Tsjinst yn de begrutting. Der is in taakstelling foar de ynteme organisaasje en der is de PvdA wol wiis mei. De overhead fan de ynteme organisaasje soarge neffens it managemint fan it Gryn foar ekstra kosten. De hear Dijkstra (FNP): De begruttingen wienen earder kosmetysk en de rekken joech dan wol dudlikheid. De oare oanpak j out mear wurk foar de riedsleden. Oan de han fan de kademota binne in tal saken bysteld. Men miste de foarige kear noch it oandiel fan wethalder Visser en gelokkich docht no bliken dat der noch wat te heljen wie. De ynvestearrings foar de kommende jierren binne minimaal omdat der gjin jild is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 78