It mfc yn Britsum ferget in protte tiid foar oerlis mei de ferskillende partijen. Yn septimber wie in plan fan oanpak ree, mar doe kaam de ried mei altemativen. It kolleezje giet wer fierder mei de plannen en men wol de kommende tiid helder krije wat de kosten binne. Der moat in wenningboukorporaasje by belutsen wurde, mar it is dudlik dat it mei de wenningbou op dit momint tige swier keallet. Sy seit ta dat der sa gau mooglik dudlikheid oer komt. It idee oer de ferpleatsing lokalen soe sy earst noch achter de han halde wolle. Der hawwe petearen mei de fuotbalferienings west oer it keunstgersfjild. Dat petear wie konstruktyf en der wurdt ek praat oer de privatisearring fan de Stipe. Yn desimber wurdt deroer fierder praat. Oer de hierpennings foar de 5 frijkommende lokalen: Sy sil dy suggestje mcinimme. Yn 2010 wurdt it 'passend underwiis' ynfierd en bem dy't no nei it spesjaal underwiis geane, sille dan sa folle mooglik nei de reguliere skoalle gean en it is dan mar de fraach hoe lang oft de lokalen leech stean bliuwe. De breidskat foar de ferselsstanniging fan it underwiis is utunderhannele. Earder wie it klimaat der net ryp foar. Doe't it underwiisburo fan start gien is, is men der foarsichtich mei oan de slach gien. Men kin plattelansgemeenten of de Middelseegemeenten net ferlykje mei in sted as Ljouwert. Yn ferhalding mei oare plattelansgemeenten wykt Ljouwerteradiel net in protte of. It kolleezje wol net oant yn it uneinige mei de brede skoalle te set weze. Twadde termvn De hear Ketellapper(GBL): GBL besjocht de saak kritysk. Men moat jinsels neat wiismeitsje. Men kaam 1,1 miljoen tekoart en doe hat men alve posten fan 100.000 pakt en dan hat men it wer slutend. GBL fynt dat men sa net altyd dermei trochgean kin. Hy wiist derop dat de oare partijen yn it ferline ek har ynfloed op de begrutting han hawwe. Men moat dochs konstateajre dat saaklikheid en kreativiteit by it kolleezje untbrekke. Dat hat u.o. wol bliken dien by Middelsee II. Hy wit dat guon minsken tige entusjast wienen oer Middelsee II, mar men hat it strupe litten en dat hat jild koste. GBL hat altyd op de sinten sitten. As men op it tredde plak yn gemeentelan sit oangeande de leezjes, dan is soks net om te laitsjen. GBL hie mei trije wethalders wat oars op it each as dat wat it kolleezje derfan makke hat. Elke partij set him op syn eigen wize yn foar de gemeente. De iene wethalder seit dat it lestich leit mei de huzebou yn Britsum wylst de oare wol mooglikheden sjocht. Dan wit er it ek net mear. Hy fynt it te maklik dat men seit dat oare kolleezjes it tekoart feroarsake hawwe. De hear De Kroon (PvdA): Yn it behear fan de gebouwen is noch wol wat te fertsjinjen. Lykas by de doarpshuzen, der't it behear wol by it bestjoer fan it doarpshus underbrocht wurde kin. It underhald fan de sport fjilden soe men privatisearje kinne. Mei hoefolle prosint giet de ozb no yn 2009 omheech? Hy wiist derop dat de gemeente alle jierren 18 miljoen oan goede, nuttige dingen utjout. Boargemaster Ter Keurs: Er zitten twee verhogingen in de OZB. De eerste is 6,11% en de tweede verhoging van 6% wordt weer terugvergoed via de afValstoffenheffing. Het betekent niet dat de burger 6,11% meer zal betalen. Het heeft o.a. te maken met de waarde van de huizen en het aantal huizen. De hear De Kroon (PvdA): Hy soe de oare wike noch op dy ferheging weromkomme wolle. Wethalder Keizer: Hy wiist derop dat it kolleezje neffens it beslut de opdracht krijt om te kommen ta in wersjenning fan it gebouwebehearsplan. Wethalder Haites: Men sil sjen nei de suggestje fan it privatisearjen fan it underhald fan de sportfjilden.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 81