GBL heeft geen vertrouwen meer in de toekomst. Het klopt inderdaad dat men door de mindere economische ontwikkelingen Middelsee III moet heroverwegen. De begroting is reeel sluitend, waardoor men niet onder provinciaal toezicht komt. Wethalder Keizer: De PvdA wol foar grienbehear in oare oanpak. Men sil altyd ferplichte weze om nei bettere metoades (lykas yn Vught) te sjen. Oangeande de ferheging fan de bouleezjes: 30 oare gemeenten yn Fryslan freegje har no of wer't dy lild lizze litte. De provinsje wol de 'fietssnelweg' nei Froubuorren yn 2012 oanpakke. De ried woe oan it jild fan Sporen op de Friese Klei in oare bestimming jaan. De twadde faze fan de Alvestedefarrute sil noch foarby komme. Men hat noch oerlis mei de provinsje en it wetterskip. Foar in sekere peroade kin men foar it underhald oan de gebouwen in stapke weromgean. Der binne op dit stuit gjin baggerplannen. Hy is wat skruten oer de bydrage oan it grienunderhald troch de boarger. Dan moat soks wol spontaan untstean en dat moat net fan boppe of komme. Wethalder Visser: De raad is blij met de bijdrage vanuit sociale zaken. De huurverhoging voor de Skalm zal in het overleg met Stichting Welzijn Middelsee aan de orde komen. Wethalder Haites: Der wurdt hurd wurke oan de ferselsstanniging fan it swimbad. Sy hopet oar jier deroer mei in foarstel nei de ried komme te kinnen. It mfc yn Britsum ferget in protte tiid foar oerlis mei de ferskillende partijen. Yn septimber wie in plan fan oanpak ree, mar doe kaam de ried mei altemativen. It kolleezje giet wer fierder mei de plannen en men wol de kommende tiid helder krije wat de kosten binne. Der moat in wenningboukorporaasje by belutsen wurde, mar it is dudlik dat it mei de wenmngbou op dit momint tige swier keallet. Sy seit ta dat der sa gau mooglik dudlikheid oer komt. It idee oer de ferpleatsing lokalen soe sy earst noch achter de han halde wolle. Der hawwe petearen mei de fuotbalferienings west oer it keunstgersljild. Dat petear wie konstruktyf en der wurdt ek praat oer de privatisearring fan de Stipe. Yn desimber wurdt deroer fierder praat. Oer de hierpennings foar de 5 ffijkommende lokalen: Sy sil dy suggestje meinimme. Yn 2010 wurdt it 'passend underwiis' ynfierd en bem dy't no nei it spesjaal underwiis geane, sille dan sa folle mooglik nei de reguliere skoalle gean en it is dan mar de ffaach hoe lang oft de lokalen leech stean bliuwe. De breidskat foar de ferselsstanniging fan it underwiis is utunderhannele. Earder wie it klimaat der net ryp foar. Doe't it underwiisburo fan start gien is, is men der foarsichtich mei oan de slach gien. Men kin plattelansgemeenten of de Middelseegemeenten net ferlykje mei in sted as Ljouwert. Yn ferhalding mei oare plattelansgemeenten wykt Ljouwerteradiel net in protte of. It kolleezje wol net oant yn it uneinige mei de brede skoalle te set weze. Twadde termvn De hear Ketellapper(GBL): GBL besjocht de saak kritysk. Men moat jinsels neat wiismeitsje. Men kaam 1,1 miljoen tekoart en doe hat men alve posten fan 100.000 pakt en dan hat men it wer slutend. GBL fynt dat men sa net altyd dermei trochgean kin. Hy wiist derop dat de oare partijen yn it ferline ek har ynfloed op de begrutting han hawwe. Men moat dochs konstateajre dat saaklikheid en kreativiteit by it kolleezje untbrekke. Dat hat u.o. wol bliken dien by Middelsee II. Hy wit dat guon minsken tige entusjast wienen oer Middelsee II, mar men hat it strupe litten en dat hat jild koste. GBL hat altyd op de sinten sitten. As men op it tredde plak yn gemeentelan sit oangeande de leezjes, dan is soks net om te laitsjen. GBL hie mei trije wethalders wat oars op it each as dat wat it kolleezje derfan makke hat. Elke partij set him op syn eigen wize yn foar de gemeente. De iene wethalder seit dat it lestich leit mei de huzebou yn Britsum wylst de oare wol mooglikheden sjocht. Dan wit er it ek net mear. Hy fynt it te maklik dat men seit dat oare kolleezjes it tekoart feroarsake hawwe.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 10