Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 20 novimber 2008 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 10. Subsydzje belied doarpshuzen De hear Tuininga (FNP): De 4 doarpshuzen hawwe deroan meidien en as dy it dermei iens binne dan kin de FNP der ek mei ynstimme. Men hat earder al mei it budzjet ynstimd. De hear Pot (WD): Hij sluit zich bij de vorige spreker aan. Men zou voor hem wel tot besluitvorming kunnen overgaan. De hear De Kroon (PvdA): Men wie it iens oer it budzjet. Ons Gebouw yn Aide Leije stiet der net by. De subsydzje is oan de stichting. As it gebou in bytsje underhald hat dan krijt men minder subsydzje as by mear underhald. Is sa'n systeem wol rjochtfeardich? De Kampioen yn Hijum krijt 4x safolle subsydzje as Britsenburgh. Wer leit dat oan? Guon doarpshuzen hawwe in sportkantine en oaren net. Is dat lykstrutsen? In ekstem buro stelt om de twa jier in underhaldsplan op. Mar de doarpshuzen moatte sels de doarpshuzen ek underhalde op grun fan in eigen underhaldsplan. Der in soart arbitraazjeregeling as de plannen net mei inoar oerienkomme. It is neffens him te burokratysk en der hoecht neffens him dan ek gjin ekstem buro by lans. Dan hoecht in amtner der ek gjin tiid mear oan te besteegjen. Hy pleitet dus foar in oare oanpak mei in subsydzjeregeling foar 5 jier. De hear De Jager (CDA): It CDA is posityf oer it foarstel. Der sil lykwols in grutte bydrage fan de doarpshuzen sels komme moatte en de eigen ferantwurdlikheid stiet sintraal. Men heart luden fan doarpshuzen dat de kommunikaasje fan it advisearjend kanaal net altyd like optimaal is. Der binne nochal wat ferskillen. Kinne de kosten better op inoar ofstimd wurde? De hear Ketellapper(GBL): GBL fynt ek dat it in goede saak is dat men de saken kritysk besjocht. Wer sitte de grutte ferskillen yn? De iene is btw-plichtich en de oare net en dat makket noch al wat ut. Wethalder Haites: De ried wie al akkoart mei it bedrach. Der binne in tal technyske fragen pas healwei de middei binnenkommen en dy soe sy foar de soarchfaldichheid skriftlik beantwurdzje wolle. De hear De Kroon (PvdA): Hy lukt syn fraach oer Aide Leije yn. Ons Gebouw stiet nammentlik wol yn de notysje. Wethalder Haites: Sy werhellet dat sy de fragen graach skriftlik behannelje wolle. Buro Fame sil om de 5 jier en net mear om de 2 jier de underhaldsplannen kontrolearje. It is in helpmiddel foar de gemeente. De fertsjintwurdigers fan de bestjoerders fan de doarpshuzen hawwe mei de amtners om de tafel sitten en men wie tefreden oer de foarstellen. De ferskillen kinne u.o. mei de alderdom fan de gebouwen te meitsjen hawwe. Foar de folgjende gearkomste sil men de antwurden op de stelde fragen hawwe. Twadde termyn

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 36