Wethalder Keizer: Hy hat it op deselde juns oars heard. Men woe it ferkear mear om Stiens hinne liede. It fenomeen 'klein leed' soe men oars rjochtstreeks by de ofdieling yn it gemeentehus ofhannelje. En no komt it al yn 'e ried. Alle under 4 neamde knipepunten hawwe it omtinken fan de ferkearskommisje. Sebra's jouwe skynfeilichheid. Ek it probleem by de Bruna/Aldi soe men sa litte moatte. Men brukt it fuotgongersgebiet ek as fytsgebiet. Hoe unoersichtliker de situaasje, wat feiliger it is. Hy is it wol iens mei it parkearfrij meitsjen fan de kuierstrook fan kafee De Kern nei it Finsterblomke. De hear De Kroon (PvdA): Men wol der dus mei te set om it ferkear om Stiens hinne te lieden. Wethalder Keizer: Men nimt tiisdei in beslut oer it ferkearsundersyk en punt 2 fan de moasje kin men deryn meinimme. De hear De Kroon (PvdA): It is 'opgepimpt klein leed'. It libbet tige by de boargers. De PvdA tinkt dat men it binnen de 1,1 miljoen foar strjitten en diken underbringe kin. Men soe it nochris mei de skoallen oer de ferkearssituaasje hawwe moatte. En oars soe men noch wolris de argumintaasje fan de ferkearskommisje hearre wolle. By de Aldi wurdt fytst en dat mei neffens him. As dat net sa is dan ferfalt dat punt. Punt 1 bliuwt dus stean en fan punt 4 wol de wethalder yn 4.1.1. tastimme en foar 4.1.3 en 4.1.4. soe men oerlis mei de skoallen hawwe wolle. De hear Keuning (CDA): It CDA kin mei de moasje sa't dy no (fersobere) foarleit ynstimme. Hy soe noch wolris nei dat feilichheidsgefoel fan sebra's sjen wolle. De hear Pot (WD): De gebruiker bepaalt uiteindelijk het verkeersbeeld. Een chaotische situatie kan soms een stukje veiligheid genereren. Wat voor oplossingen kan men vinden om het oversteken van kinderen bij de scholen veiliger te maken? Zijn klaarovers een optie? Verbetering van veilig verkeer is altijd toe te juichen, maar je blijft altijd dwaze verkeersdeelnemers houden. De hear Tuininga (FNP): It giet dus oer de punten 1 en 2 by it kolleezje oansteande tiisdei. Dermei kin er akkoart gean. De FNP kin ek ynstimme mei 4.1.1. By de Aaltsjemuoistege hat men deselde situaasje as by de Piter Jellessingel. De hear Elgersma (GBL): GBL kin ynstimme mei punt 1 en 2. Men hat eins te min parkearplakken yn it sintrum en dat soe men by 4.11 meinimme moatte. Men mei by de Aldi wol fytse, mar by it oerstekken moat men ofstappe. Hy hat al faker fan de ferkearskommisje heard dat sebra's it net feiliger meitsje en de oanlis derfan soe er dan ek ofriede wolle. Wethalder Keizer: Hy is altyd ree om mei de skoallen te oerlizzen. Mar der binne altyd wer nije alders en deselde punten komme hyltyd werom. De alders krijt men net foar 'klaarovers'. It ROF kommunisearret regelmjittich mei de skoallen. Men is al hiel fier yn it oerlis mei de iisklup/keatsklup oer it oanbringen fan 50 parkearplakken.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 39