GEMEENTE L J OUWERTERADIEL 14 Riedsgearkomste: Utstelnumer: Amtner.: E-mail: Tillefoannr. Underwerp: 22 jannewaris 2009 2009/6 Stiens, 2 desimber 2008 R. van Dijk r. vandij k@leeuwarderadeel .nl 058 - 257 66 62 op 'e nij feststelle grinzen beboude kom Boskwet Besliit dat nommen wurde moat: akkoard gean mei de nije grinzen beboude kom Boskwet. Koarte ynhald: de grinzen beboude kom Boskwet fan Ljouwerteradiel binne feraldere en allinnich feststeld foar it haadplak Stiens. Derom fait hast alle bosk en singels under it foech fan de provinsje, wertroch in fergunning fan de provinsje nedich is by it roaien. Om dizze reden wurdt jo ried no utsteld om nije grinzen fest te stellen, wertroch de doarpen en in grutter part fan Stiens binnen de Beboude kom Boskwet komme te fallen under it foech fan de gemeente. Jo ried hat yn 2005 de grinzen ek al ris feststeld, mar de provinsje fun dy grinzen te rom, wertroch der nei de miening fan de provinsje tefolle bosk buten har foech kaam. Oanfolgjend hawwe it kluster VROM en Behear yn oerlis mei de provinsje nije grinzen yntekene. Utsteld wurdt derom om akkoard te gean mei de utstelde grinzen, der't tusken us gemeente en de provinsje amtlik oerienstimming oer is. Foar mear ynformaasje oer de proseduere en de Boskwet wurdt ferwiisd nei eardere stikken, sjoch bylage. Sjenswizen: it utstel foar de nij grinzen beboude kom Boskwet hat 30 dagen op besjen lein. Der binne gjin sjenswizen op ynkommen. Utfieren ofhanneljen: Kluster VROM sil by jo akkoard it riedsutstel trochstjoere oan deputearre steaten, dy't de nije grinzen goedkarre moatte. Bylagen: kleure tekeningen Stikken dy't op besjen lizze: ferskaat Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris de boargemaster J.J. KINGMA E.J. TER KEURS

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 118