Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 22 jannewaris 2009 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 14. Op 'e nij feststelle fan grinzen beboude kom Boskwet De hear Dijkstra (FNP): Men hat kaartsjes krige mei lyntsjes derop dy't wat lukraak lutsen wienen. Op it nije kaartsje wie noch neat feroare. Derom hat de FNP in amendemint. Hy lest it amendemint foar. Amendemint oangeande de grinzen beboude kom Boskwet De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn'e gearkomste fan tongersdei 22 jannewaris 2009, oerweagend dat: - de kaartsjes fan Jelsum en Koarnjum foar in protte betizing soargje omdat de grinzen willekeurich lutsen binne op it grungebiet fan Dekemastate en Martenastate, - troch dizze betizing by guon beammen arbitrer feststeld wurde moat wa't no feifliken it foech hat, - troch gebruk te meitsjen fan besteande struktueren soks de helderheid te'n goede komt, - op dizze wize der rjocht dien wurdt oan dizze beide kompleksen en wat der om hinne leit, besliit dat: - de beide kaartsjes fan Jelsum en Koarnjum oanpast wurde sa't yn de bylagen utsteld wurdt, en giet oer ta de oarder fan de dei. FNP Ljouwerteradiel Folkert Dykstra De hear Elgersma (GBL): Men hie de foarige kear ek al problemen mei de grinzen en hy kin achter it amendemint stean. De hear Pot (VVD): De WD kan zich vinden in het amendement van de FNP. Mefrou Wachter (CDA): Zij kan zich daarbij aansluiten. Mefrou Ennour (PvdA): Dat geldt ook voor de PvdA. Wethalder Keizer: De ried giet deroer en fan him kin it. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het amendement en het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 120