De hear De Kroon (PvdA): De underbouwing is helder. It keunstgersfjild sit neffens it kolleezje al yn de begrutting. It wie lykwols in deal: it soe lykop gean mei de privatisearring. It keunstgersfjild moat dan ek neffens de PvdA yn it konsept beslut opnommen wurde. Der stiet neat oer in wetrafjild yn de notysje. Praat men oer itselde? De ynvestearring fan de gemeente moat binnen de heal miljoen bliuwe. De gemeente moat wol swier bliede by de privatisearring. Men is uteinlik mei elkoar as gemeente 107.000 euro kwyt. It duorret wol 15 jier ear't men dat weromfertsjinne hat. Eins betellet de gemeente neffens him tefolle. Men moat dus wol helder weze oer de klaaiboksen. Der soe men net as gemeente yn ynvesteaije moatte en dat moat men ek opnimme yn it beslut. Is it net oantrekliker om de 20.000 euro foar achterstallich underhald mei te jaan oan de fuotbalferienings en net as gemeente ut te fieren? Dy sinten hoecht men dan net yn de eksploitaasje 2009 op te nimmen. Men wurdt neat wizer fan de oerdrachtskosten en de fiskale claim. Kin men der net wat op betinke mei juridysk of ekonomysk eigendom of in bysundere brukersregeling?. De hear Pot (WD): Uiteindelijk komt het kunstgrasveld tot stand. Het kost een hoop geld. De WD is blij dat het tot privatisering geleid heeft. Als er nog wat te behalen is dan moet men elke kans aanpakken. Hij is het eens met de opmerkingen van de PvdA met betrekking tot de kleedboxen. De hear Keuning (CDA): Ek it CDA woe in keunstgersfjild yn Stiens. 'Voor wat, hoort wat.' It CDA kin achter de privatisearring stean. Der is in heal miljoen beskikber. Der moat wol in goed fjild komme, want yn it ferline is der datoangeande wat misgien. 'Goedkoop is duurkoop'. De hear Tuininga (FNP): Hy wiist derop dat de fjilden yn gearwurking mei de clubs utsocht wurde. De hear Keuning (CDA): In goed fjild stiet foarop. In trainingsfjild mei wol ta in wetrafjild omboud wurde, mar dan moat it wol binnen dy heal miljoen bliuwe. By mear fjilden hat men mear boksen nedich. De kar foar de sporthal is datoangeande in goede saak. It is it CDA offallen hoe djoer de oanlis fan in keunstgersfjild is en derom is der no spitigemoch gjin jild foar in keunstgersfjild yn Britsum. Wethalder Haites: Sy is bliid mei de positive luden oer de oerienkomst mei de ferienings. De ekstra kosten yn 2009 binne de kapitaallesten foar it fuotbalfjild fan 5 ton. Neffens de KNVB- noarm soenen der 6 boksen te min weze. Der is jild yn de begrutting opnommen foar de fuotbalfjilden en eventueel in wetrafjild. Der sit gjin jild foar de klaaiboksen yn. Men kin earst foarut mei de boksen fan de sporthal. De fuotbalferienings wolle mei de gemeente yn petear bliuwe oer de boksen. It A-fjild wurdt in keunstgersfjild. It oare fjild wurdt opknapt, mar it is net sa dat der keunstgers komt. It heal miljoen is it maksimum. As der mear finansjele romte is dan soe men nei oare keunstgersfjilden sjen kinne. Men hopet dat men yn septimber gebruk meitsje kin fan it keunstgersfj ild. Kwaliteit giet lykwols foar snelheid. It de muoite wurdich om te undersykjen oft men in subsydzje krije kin as it korps fan it wetrafjild gebruk makket. It jild foar it keunstgersfjild stie foar 2010 al yn de begrutting. It keunstgersfjild koe nei foaren helle wurde troch de kombinaasje mei de privatisearring. De gemeente hat de Stipe de underhaldskosten meijun foar de kommende 10 jier.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 15