Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 27 augustus 2009 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 13. Noardlike alvestedefarrute (NER) 2e faze De hear Pot (WD): Men spreekt over 289.000 euro en dat is veel geld. Het verhoudt zich ook niet tot de financiele spankracht van de gemeente. Het project moet op een laag pitje gezet worden. De WD vindt wel dat het uitgevoerd moeten worden, maar wil eerst wachten op financieel betere tijden. De hear Tuininga (FNP): Men sit yn in ridende trein. Wat de gemeente bydraacht, is yn ferhalding ta de totale ynvestearing net in soad jild. Trochsette dus. De hear Ketellapper(GBL): It soe in bestjoerder goed stean om ris in goed beslut te nimmen. GBL fynt dat op dit momint de gemeente te min jild hat foar it projekt en dat men gjin artikel 12 gemeente wurde moat. It kostet in hiel soad jild en Ljouwerteradiel is sawat de haadsponsor fan it projekt. It is dus net ferantwurde om der safolle jild oan ut te jaan. Meffou Wachter (CDA): Wat betekent het concreet als men het project een jaar opschuift? De hear De Kroon (PvdA): De PvdA fynt it in goed foarstel. Men wist dat men (twa kear) ta de buse moast. It bedrach leit yn de oarder fan grutte dy't it kolleezje doedestiids dellein hat. It is in goed plan om sinten fan RIA te bruken. Men moat noch sa'n 35.000 euro frijmeitsje. De PvdA wol de stjoergroep kompliminteaije mei it resultaat. De gemeenten hawwe al it foardiel fan in heal miljoen troch de oanbestegings. Uteinlik betellet de gemeente mar in lyts part fan de Alvestedefarrute. Ljouwerteradiel kin it har net permittearje om ut it projekt te stappen. Wethalder Keizer: As men it in jier utstelt dan fait it projekt stil. De oanbesteging fan de sluzen is underweis (heal septimber). Men moat mei sa'n 60 tal eigners yn oerlis oer grungebruk en dat freget in protte tiid. De oanbesteging fan de sluzen kin wol plakfine, mar de oare saken noch net. Men moat ek each hawwe foar de prosedueres. In jier utstel ferdraacht him net mei de fuortgong fan it projekt; men soe dan yn 2012 yn 'e knipe komme kinne mei de easken fan it Waadfuns. Der is in oanbestegingsfoardiel. Oarspronklik moast men as gemeente 433.000 euro opbringe. Hy hat yn de stjoergroep sein dat sa'n bedrach fierstente heech foar Ljouwerteradiel is. De provinsje hat each foar de situaasjes by de gemeenten en wol no trochpakke. Der is in heal miljoen ofhelle mei it betingst dat it oanbestegingsfoardiel by de sluzen foar de provinsje is. As dat foardiel der net is dan leit it risiko by de provinsje. Men kin it jild omearre foar "Regio in Actie (RiA) ut de ynvestearingslist earst brake foar de ynfrastraktuer en letter yn de meaijierrerazing wer opnimme foar RiA. Twadde termyn Meffou Wachter (CDA): Het is ook van belang dat in deze tijd gemeenten kunnen investeren omdat dit werk oplevert. Zij hoopt dat plaatselijke (Friese) ondememers daar hun voordeel mee kunnen doen. De hear Pot (WD): Er blijft wel een groot bedrag over dat door de gemeente opgehoest moet worden. Men wist eerder niet dat er een kredietcrisis zou komen. Het is een prachtig project, maar waar moet men het geld weghalen? Kan men bij de provincie dit niet nog eens nader onder ogen te brengen? De WD kan niet met het voorstel instemmen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 125