Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 27 augustus 2009 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 3. Ynsprekrjocht boargers De hear Tienstra: Hy sprekt yn op agindapunt 11Der rint no al hast 11 jier in proseduere. Op 12 maaie 1999 hat er de grun oankocht. Nei de tekening fan it hierkontrakt mei de wettersportferiening sit syn bedriuw folslein fest. Hy soe graach witte wolle wat yn totaal de kosten west hawwe om dizze saak hinne. Hy giet derfan ut dat de ynteme en eksteme kosten wol mear as 150.000 euro bedrage. Hy fielt him eins as in misdiediger behannele. De wettersportboksen smiten oan hier mar sa'n 350 euro jiers op. De gemeente mjit mei twa maten. Hy hat sels bygelyks al 9 kear in miljeukontrole han. Wat bart der nei de moasje? Wol de gemeente him echt kapot meitsje of op in respektabele wize mei him as undemimmer omgean? As syn soan mei it bedriuw fierder gean wol dan sil der op in goede wize behannele wurde moatte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 93