Der soe in goede promoasje foar it swimbad komme moatte. It giet GBL te fier om de saak oan it kolleezje te delegearjen. Men wol der as ried wat mear sicht op halde en dat soe er oan de moasjes taheakje wolle. Wethalder Haites: De prognoazes binne neffens har betrouber. Men is noch net ut de reade sifers en dat sil ek sa bliuwe. It is in basisfoarsjenning en derfoar moat foar in part mienskipsjild foar oan 'e kant lein wurde. Dat diel moat wol ferantwurde weze en dat wie it de leste tiid net. Sy tinkt dat de ried goed op 'e hichte halden wurde moat. Men sil der alles oan dwaan om it butenbad iepen te halden. Wat bedoelt de WD mei it runnen fan de saak? De hear Pot (WD): Na de verzelfstandiging zal iemand het bedrijf moeten runnen. Die zal op commerciele basis moeten werken. De rode cijfers zullen er blijven. Wethalder Haites: De manager fan dit momint bliuwt ek de manager by de ferselsstanniging. Foar it oare proses moat der wierskynlik ien fan buten komme. Sy sil nei de suggestje fan de FNP oer de ynset fan stazjeres sjen. It amendemint jout oan dat men pas in beslut nimme wol oer faze 3 as de beide earste fazen foarby binne. Der is mear frijheid foar in bv yn de bedriuwsfiering en dat smyt in finansjeel foardiel op. De hear De Kroon (PvdA): Sunder de ferselsstanniging besparret men ek al in grut bedrach. Boargemaster Ter Keurs: Dat heefit ermee te maken dat de ambtelijke organisatie teruggebracht kan worden naar twee sectoren en dat geeft financiele voordelen. Het is inderdaad wat impliciet in de tekst verwoord. Wethalder Haites: Men moat aanst prioriteiten stelle en miskien sil men de tsjinstferliening dan wat oars organisearje. Sy tinkt dat de boarger net folle fan de feroaringen femimme sil. De foardielen fan in nije cao binne der pas as alle personiel under de nije cao fait. It aide personiel behaldt syn ijochten. It foarstel wurdt droegen troch it personiel. Der is gjin sakepartner. De gemeente is de iennige oandielhalder. Twadde termyn De hear Ketellapper(GBL): It personiel floeit op natoerlike wize of en derom fynt hy it logysk dat der gjin problemen fan de kant fan it personiel binne. Boargemaster Ter Keurs: De btw voor het zwembad ligt op 6% en de sporthal zal ook onder dat tarief vallen. Het voordeel staat dus los van de rechtsvorm. De hear Ketellapper(GBL): Der binne twa amendeminten. Kinne dy yn elkoar skood wurde? Der soe yn oanskerpe wurde moatte dat men goed op 'e hichte halden wurde moat fan de fuortgong. De hear De Kroon (PvdA): Punt 5 fan it amendemint fan de PvdA soe troch punt 3 fan it amendemint fan it CDA ferfongen wurde kinne. De hear Dijkstra (FNP): Men kin it beslut makliker oanpasse. Wethalder Haites: Sy fynt punt 2 fan it amendemint fan de PvdA te stellich. Men soe de evaluaasje ofwachtsje moatte ynstee fan no te sizzen dat men it butenbad net slute sil.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 15