De foarsitter: Het verslag wordt met de wijziging goedgekeurd en vastgesteld. YNFORMEARJEND UNDERDIEL 6. Ynkommen stikken (lizze op besjen) Geen vragen of opmerkingen. 6a Moasje 12-2-2009: 'Ferkenningen nei in stevige bestjoerlike takomst' De hear De Kroon (PvdA): Der lizze 3 besluten fan it presidium foar. Men fiert de moasje fan febrewaris 2009 net ut. Der sil yn 2010 in krante utkomme en it presidium hat ek besletten om de boargers te rieplachtsjen oer de takomst fan de gemeente. Yn de memo lizze de besluten net foar amindearing foar en dat is neffens him net de goede foarm. It presidium hat neffens him in te grutte broek oanlutsen. Nettsjinsteande dat feit kin men no wol oer de memo prate. It net utfieren fan de moasje is in miskenning fan de boargers. Dy begripe ek wol dat de gemeente net selsstannich fuortbestean kinne. Guon binne dudlik foar Ljouwert en tsjin Middelsee en oaren krekt oarsom. Mar in grut part fan de boargers soe der earst wol mear fan witte wolle. De dialooch foar de kommende hjerst wie neffens him no krekt foar dy diskusje bedoeld. De PvdA hat har opfetting deroer yn de Stienser Omroeper publisearre. It berjocht hat by de riedskollega's foar wat argewaasje soarge. Hy bliuwt achter de ynhald fan dat stik stean, mar is it dermei iens dat men eins de nammen der net yn opnimme moatten hie. It is op himsels in goede saak dat der in ynformaasjekrante komt. Men is der lykwols sunt febrewaris fan dit jier noch net yn slagge om foar de boargers goede ynformaasje del te lizzen. Men is wol dwaande om de opsjes foar Middelsee del te lizzen, mar men wit noch neat fan de eventuele rate mei Ljouwert. Lju dy't ferstan hawwe fan wat de gemeente beweecht, soene har der mei dwaande halde moatte. Hy leit oan 'e ried de fraach foar oft men it dermei iens is om ekstemen de opdracht te jaan de opsje fan Ljouwert te undersykjen. De PvdA hat eventueel derta in moasje klear te lizzen. Leaver sjocht er dat it presidium sa'n opdracht oan ekstemen j out. It rieplachtsjen fan de boargers. De boarger moat syn miening toetse kinne oan feiten. Sunder goede ynformaasje hat it gjin doel om de boarger te rieplachtsjen. Yn in referindum moat de fraachstelling koart en konkreet weze. It giet dan eins om de kar foar gearwurking yn Middelseeferban of gearwurking mei Ljouwert. Dat binne de meast konkrete en helbere opsjes. Hy stelt foar dat in wittenskiplik buro har dwaande halde sil mei it referindum. Sunder in goede fraachstelling kin men net in referindum halde. De hear Dijkstra (FNP): It presidium is mei de 4 punten fan de memo kommen. De moasje fan febrewaris is taheakke en der steane deselde 4 punten yn. It spitst him ta op it tredde punt. Hy siteart 'Het is gewenst een uitvoerige dialoog met de burgers te organiseren'. De boarger moat net foar in 'fait accompli' steld wurde. De PvdA woe earst sa'n 25/30 junen organiseaije om de diskusje te fieren oer de takomst fan de gemeente om sa in rjochting te bepalen. De FNP wie der net foar en kiest foar ien jun. Dat is net nei it sin fan de PvdA. Derom wurdt der troch de PvdA in stik yn de Stienser Omroeper publisearre. Dat is neffens him in hunestreek, want der wurdt troch de hear De Kroon ut it oerlis fan it presidium sitearre. De FNP is der net foar te finen om foar de karre fan de PvdA ijochting Ljouwert te rinnen. Oer de memo. Der moatte fansels riedsbesluten komme oer de saken fan de memo. Oare wike kin men yn it presidium ynhaldlik oer de memo prate. De hear Pot (WD): Binnen het presidium heeft men de heer De Kroon het voortouw laten nemen. De WD kan zich in dit geval vinden in een raadgevend referendum. Het maakt hem

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 9