GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 10 desimber 2009 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 11. Yntinsjeferklearring ynvestearring binnenmiljeu basisskoallen Wethalder Haites: Sy wol graach earst noch in taljochting jaan. Men hat in tal stikken krige. It earste stik wie eins itselde as dat fan de foarige kear. It twadde stik joech ek noch net safolle dudlikheid. It tredde stik jout de bedraggen oan. De ried moat de fraach beantwurdzje oft men it in gemeentlike taak fynt om mei te beteljen oan it binnenmiljeu. Dan moat men kieze foar opsje A of B. Foar dat leste hat men yn prinsipe jild beskikber. Men kin ek neat dwaan (opsje C) en opsje D is taheakke om nei te gean wat de oare Middelseegemeenten dogge en derby oanslute. Men soe ek kieze kinne foar A (allinne binnenmiljeu) of allinne B (enerzjybeparjende maatregels). De maatregel liket in grut gebaar fan it Ryk, mar it dekt by lange nei it ferlet net. De hear Keuning (CDA): De kosten binne yn totaal sa'n 6 ton; der is in subsydzje fan 109.000 euro. Der wurdt dus gjin foldwaande jild mei-jun. De luchtferfarskingsynstallaasje is tige djoer. Is dat wol in goed systeem? Der binne luden dat der skimmelfoarming troch dat systeem feroarsake wurdt. Wat binne no de kosten foar de gemeente en wat binne de kosten foar it bestjoer? De isolaasje fan de dakken en de dubelde beglezing soe foar de gemeente weze en de ferljochting en cv is foar it bestjoer. It CDA kiest net foar de djoere oplossing en is foar opsje B. Wol meiwurking fan de gemeente om de skoallen te helpen de subsydzje binnen te krijen. Troch in goede fentilaasje kin men it C02-part aardich nei underen bringe. De hear Pot (WD): Het wordt steeds verwarrender. Hij heeft een stuk gelezen (Klimaatverbond Nederland) dat men zich samen zal inzetten om het binnenmilieu te verbeteren. Dat samen mist hij in het stuk. Naar zijn idee gaan de schoolbesturen er te weinig achteraan in de hoop dat de gemeente wel overstag gaat. Is er wel onderling overleg geweest? De scholen zijn zelfstandig geworden en nu kloppen zij weer bij de gemeente aan. De WD huldigt het principe dat men als zelfstandige instelling verantwoordelijk is voor het binnenmilieu. De WD kiest dus voor optie B. Het verhaal van een onafhankelijk adviseur mist hij. De hear Tuininga (FNP): It Ryk komt mei subsydzje. Men moast utsykje wat it kostje moast. Der is de mooglikheid dat men in bepaald subsydzjebedrach binnenhelje kin. Helje dy 65000 euro subsydzje binnen as men derby wurk-mei-wurk makket. Der binne skoallen der't underhald oan nedich is lykas yn Britsum en dan kin men wurk-mei-wurk dwaan. Pak dus de Foarikker en de Homeije dermei oan. Derom kiest de FNP foar opsje D. De hear De Haan (GBL): De volgorde van de besteding is aangewezen. Het gaat om de combinatie van het verbeteren van het binnenkort en het tot stand brengen van energiebesparende maatregelen. De gezondheid van de kinderen staat bij GBL bovenaan. Het C02-gehalte overschrijdt vaak de grenswaarde en er is dus wel degelijk wat aan de hand. Als

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 75