LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 25 maart 2010 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 12. Oanslutoardering riolearrings 2009 moasje oansluting 6 huzen Hijum De hear Ketellapper(GBL): GBL hat ek sjoen nei de helberheid fan de moasje. Der binne gjin konsekwinsjes foar oare oanslutingen en derom bliuwt GBL achter de moasje stean. De hear Kielstra (WD): Volgens de WD is op grond van ingewonnen informatie de precedentwerking niet meer aan de orde. De kaderrichtlijn water wordt pas in 2015 geevalueerd en er staat niet in dat aansluitingen verplicht zijn. Er zijn ook verwachtingen door de raad bij de bewoners gewekt. De WD kan de motie ondersteunen. De hear Tuininga (FNP): De FNP hat har ek goed ynformeaije litten. Der binne wol konsekwinsjes foar de presedintwurking neffens him. Hy wol earst de reaksje fan de wethalder ofwachtsje. De hear De Kroon (PvdA): Men hat der al faker oer te set west. De notysje jout dudlike ynformaasje. Yn artikel 6, lid 2 giet it om eigendommen binnen de beboude kom. As dy oansletten wurde op it rioel dan moat de boarger deroan bydrage. Binne der ek binnen de beboude kom noch perselen dy't no noch oansletten wurde moatte en der't earst untheffing foar wie? En wat is 'yndirekt' oanslute op it rioel? Der is in wiidweidich rapport oer de juridyske aspekten. Yn desimber 2009 is it ferbrede GRP feststeld. Yn it beslut fan 10 desimber koe hy lykwols net fine dat men doe besletten hat om in eigen bydrage te freegjen. Der soe gjin frijstelling foar de wennings ferliend wurde kinne en der kin de PvdA har wol yn fine. Mar der moat foar it hiele butengebiet neffens de PvdA in regeling komme. As men in goed beslut nimt (de heffing foar it butengebiet op nul sette) dan hoecht de moasje net mear. It soe de gemeente neffens it kolleezje in heal miljoen kostje as men foar oanslutingen yn it butengebiet gjin heffing mear ffeegje soe. De rioelheffing soe dan 141 euro omheech moatte yn dat jier. Dat is lykwols in ferkearde foarstelling fan saken. In riolearing wurdt ofskreaun oer 30 jier of langer en dan wurdt it 5,5 euro per oansluting djoerder. It sil ek nea barre dat fanwegen de kosten it hiele butengebiet op de riolearing oansletten wurde soe. Yn konkluzje 5 ferwachtet de gemeente dat de huzen djoerder wurde as men oansletten wurdt op it rioel. Neffens ynformaasje fan makelders is dat lykwols net sa. Neffens de PvdA is it net rjochtfeardich dat bewenners fan it butengebiet dy't ferplichte wurde ta oansluting op de riolearing derfoar dy goed 2000 euro betelje moatte. De PvdA hat derfoar 5 arguminten. It giet om in ferplichte oansluting op in nutsfoarsjenning. Soks jildt net foar oansluting op it gas- of elektrisiteitsnet. It keale feit dat der in buis by jins perseel lans rint ferplichtet de minsken ta in kostepost fan goed 2 tuzen euro. Mar de bewenners fan it Tichelwurk krije dochs ek net in heffing foar de kosten fan de iepenbiere asfaltdyk derhinne? By kosten foar de oansluting heger as 8 tuzen euro krijt men frijstelling. De kosten op eigen

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 65