hiem, dy't der noch by komme, farieare fan 2,5 oant 5 tuzen euro. Dat is foar in ferplichte oansluting fan besteande perselen net terjochte. It giet om 6 wenningen yn Hijum en dus om sa'n 12/13 tuzen euro en dat komt del foar de rioelheffing op sawat 0,11 per bewenner fan de gemeente. As de hefting op nul set wurdt, is der gjin presedintwurking nei it ferline ta. Wol nei de takomst mar dan giet it mar om in pear euro per jier foar de rioelheffing. Op grun fan dy 5 arguminten kin de PvdA de feroardering wol feststelle. De hefting wol de PvdA lykwols op nul stelle ynstee fan op goed 2000 euro Mefrou Wachter (CDA): De panden moeten aangesloten worden omdat de ontheffing vervallen is. De gemeente heeft een zorgplicht voor het buitengebied. Het is niet zeker of men niet in de toekomst voor nieuwe aansluitingen komt te staan door verscherpte wetgeving. In het buitengebied moet men een beer- of zinkput hebben, waarvan de kosten ongeveer 1600 euro bedragen. De 2250 euro is waarschijnlijk gebaseerd op prijzen destijds voor de IBA's in het buitengebied. Het lijkt het CDA niet verstandig om in de aansluitverordening dat bedrag te veranderen. In het verbrede GRP heeft men ook een aantal afspraken gemaakt. Hoe verhouden die zaken zich tot elkaar? Zou men in plaats van de 2250 euro ook kunnen kijken naar de kosten van een IBA op dit moment en dit zien als een stuk tegemoetkoming voor de mensen in Hijum? Wethalder Keizer: GBL wol de moasje oanhalde. De untheffing jildt generyk oant 2015. De wetjouwing wurdt rigider en provinsje en wetterskip kinne har rezjym nei 2015 oanpasse en dan binne meardere oanslutingen te ferwachtsjen. De presedintwurking spilet dus wol deeglik in rol. Der binne twa panen binnen de beboude kom, dy't no ta oansluting ferplichte binne, en dy moatte de folsleine kosten betelje. It giet dus om 4 kear 2250 euro. De diskrepansje soe dan wol tige grut weze as men de hefting foar de oare fjouwer panen op nul sette soe. Der binne noch twa panen dy't binnen de beboude kom lizze en dy't oansletten wurde moatte. Dy moatte ek de folsleine kosten betelje. Der is in omissy yn it ferbrede GRP. It eardere bedrach is net opnij opnommen yn it nije ferbrede GRP. Aid belied wie dat der 2250 euro heft wurde soe buten de eigen bydrage foar it eigen hiem. De omfang fan it bedrach (heal miljoen) is yndied yn it stik opnommen. Men hat der lykwols by set dat it in rekkenfoarbyld is. Men kin nea en te nimmer in heal miljoen yn ien jier yn rekken bringe. It is foar him helder dat by de ferkeap fan in hus der't fan bekend is dat men yn de takomst op it rioel oansletten wurde moat, dat de biedpriis dan gans leger weze sil. De rioeloansluting is neffens bim min ofite mear in oerheidsferplichting. De ferliking fan de hear De Kroon mei de oansluting op it gas- of elektrisiteitsnet is net falide. Men hat yndied in protte kosten foar de oansluting op it eigen hiem, mar gemiddeld is dat wat minder heech as yn de berekkening fan de hear De Kroon. In iepenbiere dyk is ek hiel wat oars as in rioeloansluting. As men in ein fan de iepenbiere dyk of wennet, dan wennet men riant en der moat men foar betelje. De kosten foar in IBA hienen in referinsje foar de kosten foar ofwikkeling fan suvering op eigen hiem. It kolleezje sil net akkoart gean kinne mei in bedrach fan nul foar de hefting, mar der soe wol nei dat bedrach sjoen wurde kinne. Twadde termyn De hear De Kroon (PvdA): Oangeande de opmerking fan it CDA oer de ferliking mei de 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 66