De hear De Kroon (PvdA): It giet net om kwaliteit fan it juridysk advys mar om de presedintwurking. Wethalder Keizer: It giet yn it foarstel om twa saken: it feststellen fan de oardering en it ynluken fan de moasje. In part fan de ried giet foarby oan it feit dat 4 panen mar in diel betelje moatte en 2 panen it folsleine part. Men hat noch gjin dekking oanjun foar it gat as men de heffing op nul stelle wol. De foarsitter: Hij wil het voorstel in stemming brengen. De hear De Kroon (PvdA): Hy hat ferlet fan in tredde termyn. As it bedrach op nul komt, dan komt dat foar de gemeente ruchwei del op 5.500 euro per oansluting en dan giet de rioelheffing omheech. Yn it foarstel fan de PvdA giet it yn totaal mar om 8.000 euro. Men hat no op dizze gearkomste pas heard oer it underskied tusken de 4 en de 2 panen yn Hijum. It foarstel fan it kolleezje is gjin goede oplossing. Men hat no noch neat regele foar de nedige oanslutingen. De PvdA erkent dat in heffing fan nul gefolgen hat foar de takomst, mar dat hat neffens syn berekkening gjin grutte finansjele konsekwinsjes. Derom soe men it foarstel oanhalde moatte. De hear Kielstra (WD): Hij kwalificeert het juridische advies van de gemeente niet lager dan het advies dat hijzelf ingewonnen heeft. Maar het gaat erom dat voor de WD de precedentwerking niet in beeld is. De hear De Kroon (PvdA): Men moat it probleem foar de 6 huzen oplosse. Dat is de keam fan de diskusje. De hear Ketellapper (GBL): As men it dizze gearkomste foar de 4 huzen en it butengebiet oplosse kin dan moat men dat neffens him dwaan. Meffou Wachter (CDA): Het CDA is voor het aanhouden van het voorstel. Nog steeds blijft staan dat het om precedentwerking gaat. Bovendien zijn de bedragen niet overal duidelijk. De hear Tuininga (FNP): De FNP soe it foarstel wol oanhalde wolle mar dan soe de jurist it de oare kear taljochtsje moatte. De foarsitter: Hij wijst erop dat de wethouder de informatie geeft. Wethalder Keizer: As men ta in better foldroegen beslut komme kin, dan kin er der neat op tsjin hawwe. De foarsitter: Hij stelt vast dat het voorstel tot de eerstvolgende raadsvergadering (22 april 2010) aangehouden wordt. 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 68