Agendapunt 3B Moasje RAAD d.d. 9 September 2010 Motie aangenomen bij meerderheid 9 stemmen VOOR 6 stemmen TEGEN De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn de gearkomste fan 9 septimber 2010. oerweagende dat: de fraksje fan de PvdA fan doel is, en docht, politike aktiviteiten mei opposysjepartij WD te organisearjen under it mom fan "Toekomst Leeuwarderadeel", de kollegapartijen Gemeentebelangen, FNP en CDA net langer as kollegaas sjoen wurde en om dy reden net meidogge oan de politike aktiviteit "Toekomst Leeuwarderadeel", de PvdA de FNP en it CDA net langer mear as lykweardige partijen yn de koalysje fan Ljouwerteradiel sjocht, de PvdA de sinsnede fan de oannommen moasje fan 10 juny 2010 "De ingezette koers van de Middelseesamenwerking wordt kritisch gevolgd. De partijen in de Road zijn vrij om in deze eigen initiatieven te ontplooien.", oangrypt om politike aktiviteiten te organi- searjen mei in partij en in belange-organisaasje dy't in fuzje mei Ljouwert foar steane, hjirmei it fertrouwen fan de FNP en it CDA sa danich skeind is dat de koalysje fan PvdA, FNP en CDA net langer funksjonearje kin, mei oerweagende dat: de betrouwenskwestje allinnich ijochte is op de fraksje fan de PvdA, de wethalder yn dizze ynhaldlik de betrouwenskwestje net oan te rekkenjen is, de wethalder algemiene wurdearring hat fan de partijen, yn Nederlan de betrouwenskwestje yn formele sin foar rekken fan de wethalder is, stelt ut dat: it betrouwen yn de wethalder op sein wurdt, omdat dat de ienichste wize is om oan te jaan dat de hjoeddeistige koalysje gearwurking mei de PvdA beeinige wurde moat, de wethalder mei yngong fan hjoed untslein wurdt. en giet oer ta de oarder fan de dei. Stiens, 9 septimber 2010 Ut namme fan de FNP en it CDA Folkert Dykstra, FNP fraksjefoarsitter Jan Keuning, CDA fraksjefoarsitter

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 10