LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 9 septimber 2010 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 3b Oankundige moasje fan wantrouwen tsjin PvdA-fraksje en har wethalder De hear Dijkstra (FNP): Hy wol earst begjinne mei de prosesbeskriuwing. Yn de Stienser Omroeper stie yn augustus dat de PvdA, de WD en de OVL in politike jun belizze woenen oer de takomst van Ljouwerteradiel. Yn febrewaris wie der ek sa'n jun fan de 5 politike partijen, mar no giet it om in jun der't mar twa politike partijen by belutsen binne. Dat hat him tige sear dien. Binne de oare trije partijen no in merke-attraksje? Nei oanlieding derfan hat de FNP yntem oerlis han en kontakt han mei it CDA. Op 30 augustus is mei it CDA oer de situaasje praat. De konkluzje wie dat men it betrouwen yn de PvdA opsei. Men hat doe GBL frege om mei har te praten oer dielname yn in nij kolleezje. Men is der as trije partijen utkommen. De hear De Flaan soe de nije wethalder wurde. Yn de moasje fan 10 juny stie de tekst 'de ingezette koers van de Middelseesamenwerking wordt kritisch gevolgd. De partijen in de raad zijn vrij om in dezen eigen initiatieven te ontplooien.' De PvdA leit dat lykwols sa ut dat it in negative ynfloed hat op de Middelseegearwurking. Yn 2007 hat men in konvenant oer de Middelseegearwurking ofsletten. Der komt in evaluaasje yn 2012 en dy moat men ofwachtsje. Men wol graach betrouber oerkomme by de oare Middelseegemeenten en de ofspraken neikomme. Men hat de nije untwikkeling buorkundich makke oan de koalysjegenoat. De beide wethouders hawwe by wethalder Visser del west. It slagge lykwols net om de fraksjefoarsitter fan de de PvdA te benadeijen. Doe hat men de fisefraksjefoarsitter mefrou De Voogd belle en op 'e hichte brocht fan de gong fan saken. Hy giet fierder yn op de formele, ynhaldlike kant. Men seit it betrouwen op yn de PvdA- fraksje. De wethalder hat altyd har wurk ek oangeande de Middelseegearwurking goed dien. Mar it is formeel sa oplein dat men yn sa'n situaasje dochs it betrouwen yn de wethalder opsizze moat. Nochris wol er utsprekke dat men grutte wurdearring foar it funksjonearen fan de wethalder hat. Alles hat ek in minsklike kant. Hy hie altyd in goede ban mei ffou Visser, net allinne oer de koheezje fan it kolleezje en faktechnyske saken. Dat kontakt hat uteinlik resultearre yn in koalysje fan de PvdA, de FNP en it CDA. Hy lest de moasje foar. Moasje De ried fan Ljouwerteradiel byinoaryn de gearkomste fan 9 septimber 2010. oerweagende dat:

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 11