de fraksje fan de PvdA fan doel is, en docht, politike aktiviteiten mei opposysjepartij WD te organisearjen under it mom fan "Toekomst Leeuwarderadeel", de kollegapartijen Gemeentebelangen, FNP en CDA net langer as kollegaas sjoen wurde en om dy reden net meidogge oan de politike aktiviteit "Toekomst Leeuwarderadeel", de PvdA de FNP en it CDA net langer mear as lykweardige partijen yn de koalysje fan Ljouwerteradiel sjocht, de PvdA de sinsnede fan de oannommen moasje fan 10 juny 2010 "De ingezette koers van de Middelseesamenwerking wordt kritisch gevolgd. De partijen in de Raad zijn vrij om in deze eigen initiatieven te ontplooien."oangrypt om politike aktiviteiten te organi searjen mei in partij en in belange-organisaasje dy't in fuzje mei Ljouwert foar steane, hjirmei it fertrouwen fan de FNP en it CDA sa danich skeind is dat de koalysje fan PvdA, FNP en CDA net langer funksjonearje kin, mei oerweagende dat: de betrouwenskwestje allinnich rjochte is op de fraksje fan de PvdA, de wethalder yn dizze ynhaldlik de betrouwenskwestje net oan te rekkenjen is, de wethalder algemiene wurdearring hat fan de partijen, yn Nederlan de betrouwenskwestje yn formele sin foar rekken fan de wethalder is, stelt ut dat: it betrouwen yn de wethalder op sein wurdt, omdat dat de ienichste wize is om oan te jaan dat de hjoeddeistige koalysje gearwurking mei de PvdA beeinige wurde moat, de wethalder mei yngong fan hjoed untslein wurdt. en giet oer ta de oarder fan de dei. Stiens, 9 septimber 2010 Ut namme fan de FNP en it CDA Folkert Dykstra, FNP fraksjefoarsitter Jan Keuning, CDA fraksjefoarsitter De foarsitter: Hij wijst erop dat met het aannemen van de motie het laatste punt pas van kracht wordt. De hear Keuning (CDA): De Middelseegearwurking is foar it CDA tige wichtich. Dat stie ek yn it ferkiezingsprogramma. It konvenant fan 2007 wol men serieus nimme. Men hat troch de opstelling fan de PvdA-fraksje gjin betrouwen mear yn de goede off in fan de mienskiplike regeling. It foarstel fan de PvdA yn juny wie om der hielendal in frije kwestje fan te meitsjen en de PvdA woe net mear meiwurkje oan de opsje Middelseegearwurking. Doe wie men as CDA al feruntreste en dat waard noch mear fersterke troch de 29 fragen fan de PvdA op 11 juny. Der wie dus gjin betrouwen fan de PvdA yn de Middelseegearwurking. Men mei fansels fragen stelle, mar it joech dochs in negatyf gefoel. It CDA woe deroer mei de PvdA fan gedachten wikselje, mar derta woe it CDA earst, nei de hektyske perioade foar de simmerfakansje, it simmerreses ofwachtsje. Begjin augustus koe men lykwols yn de Stienser Omroeper leze dat de PvdA foar de opsje Ljouwert keas. De PvdA partisipearret yn de organisaasje fan de jun mei de WD dy't foarstanner is fan gearwurking mei Ljouwert en de OVL, werfan't de foarsitter ek yn dy rjochting tinkt. It CDA en de FNP binne net by de organisaasje fan dy jun belutsen. Sa kin men net mei de koalysjepartners omgean. De PvdA

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 12