GEMEENTE LJOUWERTERADIEL 16 Stiens, 11 oktober2010 Riedsgearkomste: 21 oktober 2010 IJtstelnumer: 2010/ 73 Amtner: E-mail: Tillefoannr. G. de Vries g.devries@leeuwarderadeel.nl 058-257 66 17 Underwerp: skinking skilderijen en oankeap skilderij Beslut dat nommen wurde moat: 1. It oanfurdzjen fan in skinking fan twa skilderijen fan twa eardere bewenners fan 'Haersma State' yn Jelsum (eigener mefrou Meyer ut Lunteren). 2. It oankeapjen fan it skilderij 'Gesicht op Stiens' foar 2250,— (eigener Atelier Marten Bos ut Noardwalde) Koarte ynhald: Wy ha as gemeente op dit stuit twa skilderijen under us hoede werfan't de eigener ree is om dy as skinking oer te dragen oan de gemeente. It giet om twa portretten fan bewenners fan de eardere 'Haersma State' yn Jelsum. Op gran fan de Gemeentewet moat sa'n skinking formeel foarlein wurde oan de gemeenterie. Ad 2. Op dit stuit hinget yn it gemeentehus tydlik in skilderij fan Hein Froonen ut om-ende-by 1953. It giet om in gesicht op Stiens. Atelier Marten Bos is ree om dit oan de gemeente te ferkeapjen. Ynlieding: Ad L In oantal jierren lyn hat Dekema State twa portretten yn bruklien han. Dat fan Anna Frederika van Vierssen (1802-1884) en dat fan Comelis Martinus van Haersma de With (1799-1869). Beide binne aldbewenners fan de eardere 'Haersma State' yn Jelsum. Troch romtegebrek binne de portretten yn it depot fan it gemeentehus bedarre, mei ynstimming fan de eigener, mefrou Meyer ut Lunteren. Sy hat doe ek it oanbod dien fan skinking of bruklien. Om't de foarkar utgie nei skinking is dat trajekt fierder ynset. Nei wat stilte fan beide kanten binne de kontakten dit jier wer fuortset en is der oerienstimming berikt oer in definitive oerdracht. De skilderijen binne underwilens ek taksearre troch in deskundige. De taksaasjewearde fan de portretten bedraacht 2250,-- it stik. Ad 2. It skilderij 'Gesicht op Stiens' is yn bruklien en hinget al in skofitsje yn it gemeentehus. Yn in petear mei de eigener hat dy oanjun dat hy net ungenegen is om it oan de gemeente te ferkeapjen. Ad 1.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 113