Arguminten: Ad. 1 Mefrou Meyer hat oanjun dat sy fynt dat de portretten thushearre yn Ljouwerteradiel en de skinking hat gjin finansjele konsekwinsjes foar de gemeente. Iennichste betingst is dat de portretten in goed plakje krije. Der is gjin reden om de skinking net te oanfurdzjen. Ad. 2 Oer smaak fait net te twisten, mar it giet hjir om in moai doarpsgesicht. It j out ek in prachtich tiidsbyld fan Stiens yn de fyftiger jierren. Boppedat is de priis foar it skilderij hiel ridlik. Kanttekenings: n.f.t Finansjele taljochting: De ferkeappriis fan 'gesicht op Stiens' is 2250,- sunder bykommende kosten. Dat bedrach kin foar rekken brocht wurde fan it Sosjaal Kultureel Funs. Utfieren ofhanneljen: Ofhanneling wurdt oan it kolleezje oerlitten. Bylagen: -gjin Stikken dy 't op besjen lizze: B&W-stikken, taksaasjerapport. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris de boargemaster J.J. KINGMA E J. TER KEURS

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 114