Het mogelijk maken om vrijkomende boerderijen te vervangen door een in het landschap passende bebouwing. en gaat over tot de orde van de dag Ondertekend op 16 September 2010 door GBLfractie FNPfractie CDAfractie De hear De Kroon (PvdA): Der stiet yn Hoofdstuk 1 Burger en bestuur 'De afspraken in Middelseeverband, waaronder een evaluatiemoment in 2012 aangaande het samenverwerkingsverband worden nageleefd'. Dat soenen de ofspraken fan 2007/2008 weze kinne en net de lettere utwreiding der't yn septimber en oktober oer praat wurdt. Moat de ried perfoarst foar de utwreiding stimme? Yn de ofspraken stiet ek dat by it evaluaasjemomint fuzje in opsje is. De oare trije Middelseegemeenten wolle dat op ien of oare wize lykwols net mear. Dy geane dus wat frij om mei de ofspraken. Wurde de oare gemeenten no wol oan dy ofspraken halden? Wurdt it jierplan 2008 yntegraal utfierd? It punt oer de wynmunen is wat apart. It is yn feite in fundamintele wiziging. By ferfanging moat men troch de nijere technyk nei in gruttere hichte ta omdat dy wynmunen oars net mear rendabel binne. In ferlykbere hichte liket him dan ek net reeel. Wat is de argumintaasje? By de frijkommende pleatsen soe men foar de dudlikheid taheakje moatte dat it om pleatsen mei in agraryske bestimming giet. De hear Kielstra (WD): Er staat in Hoofdstuk 1 Burger en bestuur 'Het huidige convenant Middelsee op koers loopt tot het jaar 2014. Ruim voor dat jaar moet duidelijk zijn wat het vervolg is'. Verderop wordt over het evaluatiemoment in 2012 gerept. Is dat laatste hetzelfde als de passage met betrekking tot 2014? Hij vindt dat er inderdaad veel te hard wordt gereden in de bebouwde kom en dat het goed is om daar aandacht aan te geven (Hoofdstuk 3). De hear Keuning (CDA): Oer in fuzje wurdt op dit momint net praat. De CDA-fraksje fynt wol dat men in stip op de horizon sette moat troch op in fuzje oan te stjoeren. Men wurket lykwols gear mei trije partijen en dan moat men in kompromis slute. Der soenen miskien yn 'e takomst lytsere wynmunen komme kinne dy't mear opbringe en dy't foar ferfanging soargje kinne. By de frijkommende pleatsen giet de agraryske bestimming derof. De evaluaasje fan 2014 is troch de aksje fan it foarige kolleezje nei foaren helle, nei 2012. De hear De Kroon (PvdA): Hoe ferhaldt it plan fan septimber him ta de ofspraken? De hear Keuning (CDA): Men wol as trije partijen yntinsivearring fan de gearwurking. It liket him net goed dat men alles te bot festleit. De formulearring sa't dy no foarleit, jout neffens him in helder byld.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 14